Bultrêge yn de Waadsee: Hoe grut is er? En kinne wy him sjen?

In bultrêge ûnder wetter © ANP

Der swimt op dit stuit in bysûndere gast troch de Waadsee: in bultrêge. It bist waard dizze wike sjoen tusken Flylân en Skylge. Mar wat is in bultrêge krekt en hoe grut kin hy wurde?

We lizze de fragen foar oan Annemarie van den Berg fan SOS Dolfijn.

Wat is in bultrêge?

Bultrêgen binne in soart walfisken, fertelt Van den Berg. Se falle ûnder de seesûchbisten. "Ze maken deel uit van baleinwalvissen, dat zijn de wat grotere soorten", leit Van den Berg út. Blein binne in soarte fan boarstels wêrmei't de fisken iten út it wetter filterje kinne.

In bultrêge hat dus gjin tosken. "Ze nemen een grote hap zeewater met voedsel erin. Dat duwen ze vervolgens naar buiten, maar door de balein blijft het voedsel achter."

Hoe grut kin in bultrêge wurde?

Bultrêgen binne grutte en swiere bisten, fertelt Van den Berg. "Ze kunnen maximaal 19 meter worden. Een gemiddeld volwassen dier is tussen de 10 en 15 meter. Een volwassen bultrug weegt tussen de 20 en 40 ton."

De bultrêge yn ferliking mei oare walfisken © Omrop Fryslân

It bist yn de Waadsee is nei alle gedachten in jong eksimplaar. Van den Berg skat dat hy 2 of 3 jier âld is. "Deze is 5 à 6 meter. Bij de geboorte is een bultrug al 4 tot 4,5 meter, dus hij is waarschijnlijk niet meer moedersafhankelijk, maar nog niet volwassen."

Hoe sjocht in bultrêge derút?

"Bultruggen zijn sierlijke en avontuurlijke dieren", seit Van den Berg. "Ze staan erom bekend dat ze helemaal uit het water kunnen springen en daarbij laten ze zich op hun zij vallen."

In bultrêge dy't út it wetter springt © ANP

"Ze hebben bijna vleugelachtige lange flippers", giet se fierder. "Verder heeft de bultrug een heel klein driehoekig rugvinnetje. Daarvoor zit een bultje. Vandaar de naam bultrug."

Hoe útsûnderlik is it dat der in bultrêge yn de Waadsee swimt?

Dêr't bygelyks potfisken al iuwenlang sa no en dan foarkomme yn de Waadsee, is de oanwêzigens fan de bultrêge relatyf nij. "Dat zien we pas sinds het begin van deze eeuw", seit Van den Berg. "We zijn nog steeds aan het uitzoeken waarom ze nu in de Noord- en Waddenzee zitten: het is er best ondiep en lawaaierig met veel scheepvaart."

De bultrêge yn de Waadsee © Vincent Kikstra

Van den Berg makket har lykwols gjin soargen oer dizze nije ûntwikkeling. "We hebben al bultruggen gehad die havens zijn in- en uitgezwommen. We weten dat ze zich goed kunnen redden, mits ze gezond zijn en met rust worden gelaten."

Waarnemers meldden dat schepen het dier niet eens konden bijhouden.
Annemarie van den Berg oer de sûnens fan de bultrêge yn de Waadsee

Neffens Van den Berg liket it bist yn de Waadsee sûn. En wa't gelok hat, kin it bist ek noch sjen. "We hebben niet superveel beelden om de gezondheid vast te stellen, maar waarnemers meldden dat schepen het dier niet eens konden bijhouden, daar heb je wel energie voor nodig. En de staart van het dier is boven water gezien. Dat zie je wanneer ze een diepe duik nemen. Dat doe je ook niet als je geen energie hebt."

Dochs is der ien aspekt dat Van den Berg wol spannend fynt. "De Waddenzee is niet heel 'chill' voor een walvis. Er zijn ook gebieden waar het maar een paar meter diep is. Daar kan hij makkelijk stranden."

Wat is der fierder sa bysûnder oan bultrêgen?

Bultrêgen hawwe in bysûndere wize fan kommunisearjen. "Ze staan bekend om hun gezang", seit Van den Berg. "Ze produceren geluiden die op liederen lijken. Daarmee kunnen ze over honderden kilometers met elkaar communiceren."

De sturt fan in bultrêge boppe it wetter © ANP

"Verder leggen bultruggen ontzettend lange afstanden af, duizenden kilometers." Dat witte se om't bultrêgen goed te werkennen binne oan uterlike kenmerken. "Zo kun je hun migratieroute heel goed in beeld brengen", stelt Van den Berg. Der wurdt noch ûndersocht wêr't de bultrêge yn de Waadsee earder sjoen is.