Mei beskieden ferwachtingen giet Tim Prins it iis op: "It is oanpoatsjen"

Yn it spoar fan wrâldtoppers as Kjeld Nuis en Hein Otterspeer besiket de 20-jierrige Jouster Tim Prins oansluting te finen by de mondiale reedrydtop. Dat wurdt noch in flinke put, seit er. "Ik moat hoopje op in útsjitter op it goede momint."
Dizze simmer makke Prins de stap nei Team Reggeborgh. Hy rydt no mei mannen as Kjeld Nuis, Hein Otterspeer en Patrick Roest. Mei syn 20 jier is Prins ien fan de 'jonkys'.
"Mar ik bin oant no ta supertefreden oer hoe't it giet. It is sa no en dan wol flink oanpoatsjen mei de grutte mannen, mar ik tink dat it my in soad bringt."
Fan de bêsten nei de minsten
Dochs freget de stap fan Gewest Fryslân nei in topteam in soad fan de Jouster. "Yn de training is it ferskil ymmins. Kinst it net ferlykje mei teamgenoaten dy't ik hie by de Fryske seleksje."
Nei ien simmer is it noch dreech ynskatten hoe goed oft Prins krekt is. "Ast sjochst nei de persoanlike rekôrs, dan bin ik de traachste. Mar dat seit net alles. Ik tink dat ik yn de training bêst meikomme kin, ik kin it wol byhâlde. Mar by in minne dei is it wol oanpoatsjen."
Prins sjocht it kommende seizoen as in seizoen wêryn't er him foaral goed ûntwikkelje wol. "Ik ha ôfrûne jier in wat minder seizoen hân. In soad siik west, wat kwaaltsjes en ek trainingstechnysk rûn it net hielendal goed."
Dochs behelle er yn dat "mindere seizoen" fjouwer medaljes op it wrâldkampioenskip junioaren yn Inzell. Op datselde toernoai wûn megatalint Jordan Stolz trije gouden medaljes en it einklassemint.
Ien ding sit Prins foaral dwers. "Ik ha ferline jier op myn ôfstannen gjin persoanlike rekôrs riden. Dy stean noch fan 2021, dat mei gewoan net."
En dus hat er dit seizoen foaral ien doel: "Persoanlike rekôrs ride. Dan kom ik yn de buert fan moaie grinzen. Dat seit Gerard van Velde (coach team Reggeborgh, red.) ek."
"Wat mear echt sprinte"
Syn earste persoanlike rekôr hat Prins al te pakken. Op in trainingswedstriid op 7 oktober yn Thialf ferbettere er syn bêste tiid op de 500 meter: fan 35,73 nei 35,22.
In moaie stap, mar Prins wol him benammen rjochtsje op 1000 en de 1500 meter. Dat binne 'syn ôfstannen'. "Ik ha yn 2022 wrâldkampioen west op de 1500 by de junioaren en op de 1000 twadde. Myn pinepunt wie altyd de start, mar dêr ha ik my al bot op ferbettere."
Dat is slagge troch de fokus wat te ferlizzen: "Wat minder allround, wat mear echt sprinte en middenlange ôfstannen. It echte 'duerwurk' doch ik wat minder."

Om him op de 1.500 meter te pleatsen foar de wrâldbekerwedstriden, moat er tiden ride fan leech yn de 1.45. En dus moat der flink wat ôf fan syn persoanlike rekôr, dat no op 1.46,59 stiet. "Dat ried ik yn 2021 yn Inzell ûnder goede omstannichheden. Mar sa'n tiid ha ik al trije kear riden, dus dan mei ik as doel no wol 1.45 ha."
En dan úteinlik in tiid leech yn de 1.45 dus. "Mei sa'n tiid soe ik al rjochting in moai eareplak op in kwalifikaasjetoernoai of in Nederlânsk kampioenskip komme."
Wat falt der te fertsjinjen op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai?
Der binne startplakken te fertsjinjen foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden yn Obihiro (Japan), Peking (Sina), Stavanger (Noarwegen) en Tomaszow Mazowiecki (Poalen).
Nederlân hat by de manlju en de froulju op alle yndividuele ôfstannen fiif startplakken. It betsjut dat de bêste fiif riders op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai har yn prinsipe pleatse foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden.
By de froulju giet it om de earste fiif rydsters op de 500, 1.000, 1.500 en de komby tusken de 3.000 en de 5.000 meter.
By de manlju giet it om de earste fiif riders op de 500, 1.000, 1.5000 en de komby tusken de 5.000 en de 10.000 meter.
Op de IJssel Cup yn Deventer wûn Prins yn it wykein fan 14 en 15 oktober de 1.000 meter. Echte toppers as Nuis, Otterspeer en Krol wienen der net by, mar Prins fersloech wol teamgenoaten Jenning de Boo, Mats Siemons en Stefan Westenbroek.
Dat ropt ek fuort de fraach op wat we fan de 20-jierrige Jouster ferwachtsje meie. Is in plak op in wrâldbeker bygelyks al realistysk? Dan soe er kommend wykein by de bêste fiif einigje moatte.
Reëel wêze
Prins timperet de ferwachtingen: "Ik tink net dat dat reëel is. Tuerlik hoopje ik dat it allegear rap giet. Twa seizoenen lyn ha ik in nivo sjen litten dat unyk is. As ik dêr noch in stap by op doch, soe ik yn de buert komme."
Mar hy tinkt net dat er dat al in hiel seizoen lang kin. "Dêrom hoopje ik no op in útsjitter op it goede momint."