Nederlânsk kuorbalteam nei heale finale WK nei maklike oerwinning op Ingelân

Ran Faber oan de bal earder dit toernoai © Marco Spelten

It Nederlânsk kuorbalteam mei de Friezen Ran en Femke Faber hat him sûnder problemen pleatst foar de heale finale fan it WK yn Taiwan. Yn de kwartfinale wie Nederlân mei 36-2 te sterk foar Ingelân.

Nederlân liet de Ingelsken gjin sekonde yn de wedstriid komme. Pas by 13-0 makke Ingelân syn earste punt.

Ran Faber wie goed foar fiif punten. Femke Faber makke der ien.

Yn de heale finale sil Nederlân it opnimme tsjin Tsjechië. Earder dit toernoai hie Oranje dat lân alris mei 37-9 ferslein.