HEA! Boere-arbeider Sietske van der Let
HEA! Boere-arbeider Sietske fan Lekkum
Sietske van der Let is 38 jier en wennet tegearre mei har broer Ljibbe yn it âlderlik hûs yn Lekkum. Harren âlden libje net mear, en Sietske en Ljibbe bestiere tegearre de húshâlding.
Sietske stie as lyts famke al by heit yn de melkput. Heit wie wykeinmelker en se mocht dan de maklike kij melke of oare lytse putsjes dwaan. Sietske hat it buorkjen nea wer loslitten en se is yntusken full time boere-arbeider. Fan de leafde is it noch net echt kommen, mar se stiet der wol iepen foar. En miskien hinget der wol in date yn de loft.