'Joadske Brulloft'-pakesizzer stjoert syn bern Israel út: "Het is vreselijk"

Eyal Boers út Israel hat syn twa bern fan 16 en 8 jier it lân út stjoerd. It is pynlik foar de fan oarsprong Ljouwerter famylje, dy't yn Fryslân bekend waard troch de 'Joadske Brulloft.'
De 48-jierrige Eyal Boers is in pake- en beppesizzer fan Barend Boers en Mimi Dwinger, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch op 'e flecht sloegen. Der bestiet bewegend byld fan harren brulloft yn de Ljouwerter synagoge út 1939.
De swart-wyt film waard nei it ferstjerren fan it pear fûn yn in koffer mei oarlochsdokuminten. It is it iennige bewegende byld fan de Joadske mienskip yn Ljouwert. Troch de oarloch bleau der hast neat fan dy mienskip oer.
Wer in oarloch
No, safolle jier letter, hat de famylje wer te lijen fan oarloch. Bernsbern Eyal wennet yn Givatayim, in stêd yn de omkriten fan Tel Aviv. Alle dagen giet it alarm en moat de famylje nei de 'saferoom' yn it hûs. Dat hat in grutte impact op Boers en syn bern.

It libben is sûnt de oarloch tusken Hamas en Israel folslein feroare. "Mijn dochter van 16 vroeg me of ik met haar naar de badkamer wilde. Ze durfde niet alleen, want ze was bang dat ze niet op tijd bij de schuilkelder zou zijn."
Boers kaam op it punt dat er it net feilich genôch mear fûn foar syn bern. Hy stjoerde se it lân út. In drege stap binnen de húshâlding, mar hy seach gjin oare opsje.
"Je merkt dat de spanning hier zo groot wordt. Mijn opa heeft ooit de keus gemaakt om te gaan en dat heeft ze uiteindelijk gered. Ik wil mijn kinderen ook in veiligheid brengen", sa redenearret hy.
"Het gekke is dat ik al van kinds af aan met dit scenario rekening heb gehouden. Dat komt misschien omdat de Shoah noch doorwerkt in onze familie", seit Eyal Boers, wêrmei't er de Joadeferfolging bedoelt.
Syn heit André Boers libbet in stik fierder yn Israel, sa'n 150 kilometer noardlik fan de Gazastrook. Ek hy hearde al gefjochtsfleantugen oerkommen.
De twa bern fan Boers sitte yntusken al twa wiken yn oare lannen. Fanwege harren feiligens wol Boers net sizze wêr krekt, mar hy fernimt oan syn bern dat it better is.
Een kind hoort niet met oorlog bezig te zijn.
"Ze hebben rust gevonden en dat is belangrijk. Een kind hoort niet met dingen als een oorlog bezig te zijn. Mijn zoon droomt over raketten en mijn dochter durft bijna niet meer alleen te zijn. Het is vreselijk."
Boers wit noch net hoe lang de bern fuortbliuwe moatte, mar hy sil ynkoarten by harren op besite.
Barend Boers en Mimi Dwinger trouden op 18 april 1939 yn Ljouwert en trije jier letter ferlieten se Amsterdam. Der folge in flecht troch ferskate lannen. It ferhaal is opskreaun troch sjoernalist Auke Zeldenrust yn it boek 'De Joodse Bruiloft'. Oer it ferhaal is ek ûndersteande dokumintêre makke troch Omrop Fryslân.