Douwina hat no in wenwein, mar der binne noch amper nije stânplakken

Fryslân hat der amper nije plakken foar wenweinen by krigen yn de ôfrûne jierren. Der binne op dit stuit 210 stânplakken. Dat wylst it ferlet bliuwt, ek yn ús provinsje binne wachtlisten.
Yn 2018 is wetjouwing fêststeld om der by gemeenten op oan te trúnjen dat sy foar genôch wenweinplakken soargje moatte. Dochs barde dat net in soad.
Der is hast gjin plak foar, sizze in soad gemeenten. Fierder soe de eksploitaasje net genôch opbringe en soene der te min minsken foar wêze.
22 wenweinlokaasjes yn Fryslân
Yn Fryslân binne op dit stuit 22 lokaasjes dêr't wenweinen te finen binne, ferspraat oer 10 gemeenten en 12 doarpen en stêden. Neffens in ynventarisaasje yn opdracht fan it Ryk telt Fryslân yn totaal 210 stânplakken.
Mei it each op it totaal oantal wenten yn in gemeenten hat Smellingerlân it grutste oandiel stânplakken. Dêr giet it om 49 stânplakken, dat is omrekkene 1,9 stânplakken op 1.000 wenten.
Yn ferliking mei oare provinsjes hat Fryslân net in soad wenwenplakken. Allinne Flevolân (7 lokaasjes mei 53 stânplakken) en Grinslân (19 lokaasjes mei 192 stânplakken) hawwe der noch minder. De measte stânplakken lizze yn Noard-Brabân (1.859 stânplakken).
Krapte oan stânplakken
It ministearje fan Ynlânske Saken hat foar de tredde kear ûndersykje litten hoefolle stânplakken der yn Nederlân binne. Ein ferline jier gie it lanlik om 9.364 plakken en dat binne der mar 49 mear as twa jier earder.
Hoe grut it tekoart oan stânplakken krekt is, bliuwt ûnwis. Want betroubere sifers binne dêr net fan bekend. Dat jildt dus ek foar Fryslân.
In wenweinkamp bestiet fan oarsprong út mobile wenten, al krigen de weinen yn 'e rin fan de jierren hieltyd faker in fêst plak. Fanâlds stiene de bewenners bekend as 'sigeuners': reizgjende folken lykas de Roma en Sinty.
Sy kamen úteinlik, faak ûnder druk fan oerheden, op oanwiisde lokaasjes te wenjen. Dochs beholden sy har kulturele identiteit. Yn 2014 waard dy kultuer erkend as Ymmaterieel Erfgoed.
Bewenster Douwina Simons hat lang op in wachtlist stien foardat se yn juny op de nije lokaasje yn Drachtsterkompenije in wenwein hiere koe mei har húshâlding.
Plak op de Kromme Wyk
"Ik was 16 toen ik op gesprekken ging bij de gemeente", fertelt Simons. "Nu word ik 27 in november. Ik heb tien jaar op een standplaats gewacht. Maar we zitten nu lekker op ons plekje."
Se wennen earder yn in appartemintsje yn Drachten. "Ik heb de urgentie aangegeven bij de gemeente, omdat het voor onze kinderen daar te klein was en dat we bang waren dat ze misschien van het balkon zouden vallen."
Der wie in wachtlist foar de nije lokaasje yn Drachtsterkompenije. Dat kaam ek om't men dêr graach mei famyljeleden byinoar wenje woe.

Regiomanager Gea Herz fan hierdersferiening De Bewonersraad ferwachtet dat it mei it ferlet yn Fryslân net oars is as yn oare provinsjes, ek al binne der gjin sifers. Dochs soe men der noch mear foar yn aksje komme kinne, tinkt sy.
"Er zijn links en rechts wachtlijsten, maar we krijgen weinig signalen binnen bij onze vereniging. We merken dat de woonwagenbewoners zelf weinig actie ondernemen om het op de agenda te zetten in Fryslân. Ze zouden zichzelf misschien beter kunnen laten horen bij de gemeentes, woningcorporaties en bij ons."

De Bewonersraad hat him bot ynset foar de wenweinbewenners yn Smellingerlân. Sûnt de nije wetjouwing moatte oerheden en wenningkorporaasjes ek in aktivere rol spylje.
"Tot 2015 is er een uitsterfbeleid geweest", leit Herz út. "Daarna is er in de Europese Unie meer aandacht voor gekomen, omdat het Immaterieel Erfgoed is geworden. Het werd verbonden aan de universele rechten voor de mens: ook woonwagenbewoners hebben recht op een eigen cultuur, ook wat het wonen betreft."
Tsien jier op in wachtlist stean is net winsklik, fynt Herz. "Vooral niet omdat het gaat om een eigen cultuur. Ze hebben ook geen andere mogelijkheid om een ruimte te creëren voor hun manier van wonen en leven, want een huis is dan geen optie."
Gastfrijheid
Wat dy wenweinkultuer no krekt is, fynt Simons dreech út te lizzen. "We zijn mensen die gastvrij zijn. Je kan lekker bij ons binnenkomen. Iedereen is welkom en we zijn één met onze familie."

It byld fan de ynrjochting fan de wenwein mei fitraazje yn bôgen, byldsjes fan porslein en snypsnaren doocht neffens Simons net. "Het is nu moderner. Iedereen richt het naar eigen stijl in. Maar ik heb nog wél alles goud en bling-bling. Dat vind ik geweldig", laket se.
Mei it oerheidsprogramma 'Een thuis voor Iedereen' moat aanst mei foarrang boud wurde foar nije groepen, lykas statushâlders. Ek wenweinbewenners hawwe dêryn takomst.
"Ik hoop dat het voor mijn drie kinderen in de toekomst ook mogelijk is om een plekje te krijgen", seit Simons. "Want dit is hun afkomst."
Súdwest-Fryslân is op dit stuit wol dwaande mei plannen foar 14 nije stânplakken foar wenweinen by de lokaasje oan de Johan Willem Frisostrjitte. De gemeente docht dat yn 'e mande mei omwenners.