Liveblog | 26 oktober 2023

112-nijs 26 oktober: Plysje dielt bylden fertochte eksploazje falafelsaak | Fertochten drugshannel langer fêst

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 26 oktober 2023, 14:51
14:51

Plysje dielt bylden fertochte eksploazje falafelsaak

De plysje hat op syn webside bylden dield fan de man dy't fertochte wurdt fan it pleatsen fan in fjoerwurkbom by falafelsaak Mouni yn Ljouwert.

Op de bylden is te sjen dat in man nei de foardoar fan de saak rint en in eksplosyf ûnder syn jas wei hellet. De man leit it by de foardoar, stekt it oan en draaft fuort.

De fertochte flechte yn de rjochting fan de Nieuwestad. Fia de Wirdumerdijk en it Naauw gie de man nei de Grote Hoogstraat

Skea nei de eksploasje © CAMJO Media
14:33

Dokkumer mei strafblêd fan 26 pagina's de sel yn

In 44-jierrige ynwenner fan Dokkum moat twa moannen de sel yn en hat ek noch twa moannen ûnder betingst oplein krigen. Hy hie in elektryske fyts stellen, trije oare elektryske fytsen heeld en in auto en in pinpas fertsjustere.

It is seker net it iennige dat de man op syn kerfstôk hat: de man hat in strafblêd fan 26 pagina's. De man soe syn libben betterje wolle, mar de rjochter leaut dat net. "Uw geloofwaardigheid nadert het nulpunt, ik moet het allemaal nog zien."

13:02

Fertochten drugshannel langer fêst

Fjouwer fertochten bliuwe langer fêstsitten fanwege harren belutsenens by kriminele aktiviteiten yn de hannel mei ûnder oare soft- en harddrugs en fjoerwurk yn Noard-Nederlân. De manlju wurde ek fertocht fan wytwaskjen.

Fan it fjouwertal bliuwe trije fertochten njoggentich dagen langer fêstsitten. It giet om in 30-jierrige ynwenner fan de gemeente Achtkarspelen, in man (25) út Eemsdelta en in ynwenner (52) út de stêd Grins. In 56-jierrige man út de gemeente Eemsdelta bliuwt noch tritich dagen langer fêst.

Der binne noch mear fertochten oanhâlden, mar dy sitte net fêst. It ûndersyk rint noch en mear oanhâldingen wurde troch de plysje en it Iepenbier Ministearje net útsletten.

Drugs en fjoerwurk

De oanhâldingen komme fuort út meardere ûnderminingsûndersiken. Dêrby binne bedriuwsloadsen en wenningen trochsocht. De plysje trof ferskate soarten drugs oan, sa as kokaïne en himp, en sa'n 2000 kilo fjoerwurk. Der is ek beslach lein op ûnder oare auto's en weardefol guod.

Op tiisdei 10 oktober binne op meardere lokaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte ynfallen dien.

10:10

Frachtwein yn 'e sleat lâns De Skieding

Frachtwein yn de sleat © SRF Fotografie

Der is tongersdeitemoarn in frachtwein yn de sleat bedarre lâns de N358 by Drachtster Kompenije. Yn in flauwe bocht yn de rjochting fan Surhústerfean gie it mis. De plysje en ambulânse kamen gau om help te ferlienen, mar de sjauffeur koe selsstannich út de frachtauto komme. Hy is net ferwûne rekke by it ûngelok.

De frachtwein hie mais as lading, dat wurdt oerbrocht nei in oare frachtauto. In bergingsbedriuw hellet de kantele frachtwein fuort.

06:57

Pleatslik tichte mist

© ANP

Ferspraat oer de provinsje komt pleatslik tichte mist foar mei in sicht fan minder as 200 meter. It KNMI hat dêrom koade giel ôfjûn. Ferkear en bûtenaktiviteiten kinne hinder ha fan de mist.

Yn de twadde helte fan de moarntiid ferdwynt de mist stadichoan. It KNMI ferwachtet dat dat om 10 oere hinne wêze sil.