Steatssekretaris neamt gong fan saken by Woodbrookers "tamelijk afschuwelijk"

Steatssekretaris Maarten van Ooijen © ANP

De sletten jeugdsoarch moat sa gau as mooglik ôfboud wurde. Dat stelt steatssekretaris Maarten van Ooijen yn de Twadde Keamer. Hy neamde de situaasje by behannelsintrum Woodbrookers "tamelijk afschuwelijk."

Yn de Twadde Keamer waard praat oer de jeugdbeskerming. De Keamerleden binne hiel kritysk oer de gong fan saken by it behannelsintrum yn Koartehimmen. It wurdt sjoen as in oanwizing dat it net goed giet mei de winske en taseine feroaringen yn de jeugdsoarch.

De rol fan de ynspeksje

Der wurdt dan benammen sjoen nei de rol fan de ynspeksje. Neffens Keamerlid Lisa Westerveld fan GroenLinks kin de ynspeksje syn taak net oan.

Lisa Westerveld (GroenLinks) © Omrop Fryslân

"Ik vraag mij af of zij wel genoeg capaciteit hebben om bij al die verschillende instellingen langs te gaan. Kunnen de gemeenten de toezichthoudende taken wel goed vervullen?"

Neffens Westerveld is it antwurd dat sy fan de gemeenterieden krige dat se dat net kinne. Benammen om't se dêr net genôch jild foar krije fan it Ryk.

Lisa Westerveld oer Woodbrookers en de situaasje yn de jeugdsoarch

Westerveld is ien fan de Keamerleden dy't al jierren omtinken freget foar de problemen yn de jeugdsoarch.

Sy hat al ferskate kearen fragen steld oer ûnder oare de situaasje by Woodbrookers. "Die signalen moeten toch ook bij het ministerie bekend zijn. Hoe kan het dat er dan nog steeds niet is ingegrepen?"

Feiligens fan de bern

De fraach dy't Westerveld dêrby stelde wie oft de acht jongelju dy't no yn Woodbrookers sitte, feilich binne. Van Ooijen sei dêrop dat it tafersjoch rint en dat se dêr feilich sitte.

Woodbrookers yn Koartehimmen © Omrop Fryslân

De situaasje by it behannelsintrum sit ek de steatssekretaris sels net lekker. "De rillingen lopen over je rug", sa sei Van Ooijen yn it debat. "Zoveel geweld is onacceptabel."

Van Ooijen wol dat de sletten jeugdsoarch ôfboud wurdt nei nul of yn alle gefallen nei 'zo dicht mogelijk bij nul'.

Tegen hen wil ik zeggen: het ligt niet aan jullie.
Steatssekretaris Maarten van Ooijen

Ferskate maatregels moatte derfoar soargje dat de jeugdsoarch op wat langere termyn mear perspektyf krijt. It giet dan om it ferleegjen fan de wurkdruk foar meiwurkers en ek om it oanlûken fan nije meiwurkers.

Van Ooijen is fan betinken dat de meiwurkers mear kredyt fertsjinje. Ek dy fan Jeugdhulp Fryslân, dêr't Woodbrookers ûnder falt. "Tegen hen wil ik zeggen: het ligt niet aan jullie."