Winnende skipper Strontrace: "Pas bij Stavoren wisten we dat we niet meer konden verliezen"

De Verwisseling wint 50e Strontrace, folge troch de Sterke Jerke en De Eenvoud

Yn Warkum kamen fannacht ien foar ien de skippen fan de Strontrace binnen. Winner De Verwisseling kaam om 01.24 oere oan, mar ek doe wie it gesellich drok.

Skipper Bas Krom fan it winnende skûtsje wist pas by Starum dat se winne soenen. "Maar we zeiden wel tegen elkaar: als we hier de bocht uitvliegen, raken we vast en verliezen we alsnog. Dus pas hier in Workum, toen we geen fout meer konden maken, was het zeker."

In ûnderdiel dat net ûntbrekke kin by de Strontwike is de tradisjonele fiskfeiling. "Pure hobby", seit Wiebe Visser. "Dit mei gelokkich noch ien kear yn it jier. Tradisjoneel fiskje: dus gjin motor brûke, alles op seil, en besykje safolle mooglik te fiskjen. Wy hienen in soad snoekbears en bot."