Dit is wat in stoarmmok op de Noardsee oan plestik binnenkrijt

Yn de magen fan stoarmmokken dy't by de Noardsee oanspiele, wurdt hieltyd minder plestik fûn. Dat is in goed teken, sizze ûndersikers fan Wageningen Marine Research. Al binne wy der noch lang net.
Dat docht bliken út in update fan in ûndersyksprogramma fan it ynstitút. Al jierren wurde deade en oanspielde stoarmmokken troch frijwilligers sammele. Ofrûne jier sieten dêr ek fûgels fan Flylân, It Amelân, Skiermûntseach en Skylge by.
De fûgels wurde nei in laboratoarium brocht foar ûndersyk. Just de stoarmmok is dêr geskikt foar, want dizze soart komt allinne oan lân om te brieden en libbet dus fan de see.

Sûnt it jier 2002 is der sprake fan in signifikant ôfnimmen, stelle de ûndersikers. Minder plestik yn de magen dus. Nettsjinsteande in lyts tebekrinnen yn de lêste jierren giet it oer in lange perioade hieltyd better.
Regels en bewustwurding
Undersikers tinke dat oerheidsmaatregels en bewustwurding by konsuminten derfoar soarge hat dat der minder plestik yn de magen bedarret.
Tusken jierren kin it noch wol wat fariearje, dêrom rapportearret Wageningen Marine Research oer perioaden fan fiif jier. Tusken 2018-2022 gie it om in gemiddelde fan 0,26 gram plestik de stoarmmok.
Yn 2022 binne der 66 stoarmmokken sammele oan de Nederlânske kust. Fan har hie 94 persint plestik yn de mage, yn trochsneed 0,29 gram de fûgel (yn 19 stikjes).
Doel noch lang net berikt
It stribjen fan de Europeeske Uny is dat net mear as 10 persint fan de stoarmmokken mear as 0,1 gram plestik yn de mage hat. Dêr binne wy lykwols noch lang net. As de trend fan it tebekrinnen trochset, wurde de Europeeske doelen pas yn 2074 helle.