De toan fan Froukje Sijtsma: "Ekstra nultsje foar de komma"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân

"Geld speelt geen rol, sa hjit it nijste boek fan de Ljouwerter ekonoom Erica Verdegaal. Yn in artikel yn de Ljouwerter Krante fertelt se oer it gedrach fan konsuminten yn dit digitale tiidrek. Se seit: "Als het om geld gaat, zijn we vaak zo blind als een mol."

Ik haw har boek noch net lêzen, mar it liket my wol nijsgjirrich om my te ferdjipjen yn de psychologyske oanpak fan jild útjaan. Bygelyks hoe't influencers en advertearders dy ûnbewust oantrúnje ta oankeapen.

Oant dy tiid moat ik it dwaan mei myn eigen jildtips. Myn favorite is: tsjek altyd dyn kassabon. Dy tip haw ik al folle faker jûn, mar hy bliuwt foar mysels noch hieltyd nedich.

De toan fan Froukje Sijtsma

Yn in eardere kollum fertelde ik alris oer ferrifeljende aksjes yn de supermerk, dy't by de kassa dochs net sa foardielich blike. En ek myn soap by de selsscankassa haw ik alris dield. Oer hoe't ik trije kear myn boadskippen scanne moast en úteinlik troch de kasjêre mei tsien euro nei hûs stjoerd waard om fan de gaos ôf wêzen, om't der trije kear in oare priis útrôle wie.

Lêst wie it wer safier. Ik kocht in pear pûdsjes tige ferantwurde, mar eins ek wol te djoer snobbersguod foar in traktaasje foar myn dochter. It wie yn de oanbieding, dus it koe wat lije. Doe't ik thús de bon nochris beseach, ûntduts ik dat ik it folle pûn betelle hie.

En dus kaam ik dêrop werom. Dizze supermerkketen hat tsjintwurdich it belied om klanten it folsleine bedrach werom te jaan as der in flater makke is yn syn systeem. De oplettende klant wurdt as kloklieder dus beleanne. Sa kinne je wolris faker efkes te boadskipjen.

Ofrûne wykein stelde ik myn freon foar om tegearre gesellich út iten te gean. In lekker bôleplankje, twa moaie haadgerjochten, in pear drankjes en twa hearlike neigesetsjes. In frou fan dizze tiid, betellet fansels de rekken as se har freon mei út iten nimt. En ik wie de beroerdste net. Ik fertelde it famke fan de betsjinning dat se it bedrach mei in foai ôfrûnje mocht op 115 euro.

Wat se yntoetste op de kassa seach ik net. En ik bestege mar koart oandacht oan de lytse siferkes op it pinapparaat. Ik helle myn pinpas oer de scan en de transaksje wie klear. Myn freon sei fernuvere: "Do bist wol hiel royaal fan 'e jûn. Hasto no krekt 1150 euro betelle?' It famke achter de kassa pakte it bontsje derby en krige it read op it gesicht. Der wie yndie in nultsje te folle ôfrekkene.

Ik fertelde it ferhaal oan in pear freondinnen. Ien reagearre dat se dyselde jûn ek efkes om de bon frege hie, om't se de rekken wol hiel heech fûn. It die bliken dat der foar in pear tientsjes fan in oare tafel by har op de rekken kaam wie.

Altyd skerp bliuwe dus. Dit moltsje hat har ûnbewuste foai fan goed 1000 euro lokkich werom krigen, mar ik sil dochs ris sjen oft ik mei wat tips fan bygelyks dy Ljouwerter ekonoom de eachjes noch krekt wat better iepen krij."