De oare kant fan Woodbrookers: "Ik ben gegroeid door de behandelingen hier"

Cherenithy © Omrop Fryslân

Ek al binne der yn de ôfrûne tiid in soad skokkende ferhalen oer Woodbrookers nei bûten kaam, dochs binne der ek kliïnten dy't baat hawwe by de behanneling yn de soarchynstelling yn Koartehimmen. "Het heeft mij oprecht geholpen", seit de 18-jierrige Cherenithy.

Sûnt har sechstjinde wennet Cherenithy yn Woodbrookers. "Ik woon hier al twee jaar en in het begin was ik niet echt een leuk kind. Maar daarna ben ik wel gegroeid, dat komt door de juiste behandelingen hier."

Se omskriuwt harsels as in agressyf en tagelyk ûnwis bern. "Nu ben ik veel rustiger en weet ik beter hoe ik met mijn emoties moet omgaan. Mentaal gaat het op dit moment minder goed, maar in Woodbrookers zijn heel veel mensen die mij daarbij helpen en ondersteunen. Ik vind het daarom jammer dat zij negatief in het nieuws komen, terwijl er ook positieve dingen over te vertellen zijn."

"Agressief en gooien met dingen"

Omrop Fryslân hat dizze wike mei ferskate ferhalen omtinken jûn oan de situaasje yn Woodbrookers. Sa is ûnder oare dúdlik wurden dat yn de soarchynstelling faak gebrûk makke waard fan pineprikkels om kliïnten ûnder kontrôle te krijen en yn isolaasje te pleatsen.

Cherenithy wit dat dy metoaden tapast wurde, mar pleatst dêr wol in kanttekening by. "Dat wordt echt alleen gedaan als je agressief bent naar anderen en met dingen gaat gooien."

Omrop Fryslân stiet dizze wike mei meardere ferhalen stil by behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen. Alle artikels binne werom te lêzen op de dossierpagina en lústerje it folsleine ferhaal yn de podcast 'Fêst yn Woodbrookers', dy is te finen op Spotify of yn de Apple podcasts-app.

Oanlieding foar dit ûnderwerp binne de ferhalen dy't de ôfrûne tiid nei bûten kaam binne oer de gong fan saken yn it behannelsintrum. Der is mei meardere kliïnten en âld-kliïnten praat oer hoe't der mei harren omgongen is. Ek is der praat mei in âld-meiwurker en saakkundigen.

Cherenithy: "Ze gebruiken alleen de bokkenpoot (metoade om in lestige kliïnt under kontrôle te halden, red.) als je gaat slaan en schoppen, dan houden ze je beet. Dan doen ze je handen achter je rug voor jouw eigen veiligheid en natuurlijk ook voor hun eigen veiligheid."

Neffens saakkundigen is ek de isolearsel yn it ferline faak ferkeard brûkt by Woodbrookers. Bern dy't in grutte mûle hiene of gjin húswurk meitsje woene, waarden der bygelyks yn set. Neffens de protokollen mei in persoan lykwols allinnich yn de isolearsel pleatst wurde as hy of sy in bedriging foarmet foar jinsels of oaren.

Het klinkt misschien heel raar, maar het heeft mij oprecht geholpen om te zijn waar ik nu ben.
Cherenithy, kliïnt Woodbrookers

Cherenithy hat ek yn de isolearsel sitten. "Dat was omdat ik heel agressief was naar hen, waardoor ze mij wel tegen de grond moesten werken. Anders zou ik mezelf iets kunnen aandoen. Dat is voor mijn eigen veiligheid geweest. Zij doen ook hun werk en zij proberen jou te helpen om te komen waar je wilt komen."

Foar har wie de isolearsel úteinlik wol goed. "Als je boos bent, wil je daar niet zitten. Maar uiteindelijk is het wel goed geweest, want wie weet wat je jezelf anders had aangedaan. Het klinkt misschien heel raar, maar het heeft mij oprecht geholpen om te komen waar ik nu ben."

Ticht

Dat Woodbrookers tichtgiet, fynt Cherenithy wol hiel spitich. Se fynt it foaral dreech foar it personiel. "Veel mensen die hier hebben gewerkt, hebben een burn-out gekregen. Ze hebben heel veel energie in hun werk gestopt en er een mes in de rug voor teruggekregen. Ik ben mensen verloren die ergens anders zijn gaan werken, die heel erg veel voor mij betekenden."

Sels is Cherenithy hast achttjin jier, dus moat se ynkoarten Woodbrookers ferlitte en in eigen plakje fine om te wenjen. Mar dêr sil Woodbrookers by helpe, seit se.