Jeugdsoarch kiest nei drama Woodbrookers foar lytsskalige wenfoarsjenningen

Der komme yn Fryslân fiif lytsskalige wenten foar bern mei psychyske- en gedrachsproblemen. Dat seit Nathalie Kramers, polityk einferantwurdlike foar de jeugdsoarch yn hiel Fryslân.
Troch de mistannen by jeugdsoarchynstelling Woodbrookers, dy't july takom jier tichtgiet, binne der hurd nije plakken nedich om bern op te fangen. Dêr wurdt no oan wurke.
It is net seker oft de jongeren dy't no yn Woodbrookers sitte yn de takomst yn dy alternative wenfoarsjenningen terjochte kinne. "Dat hangt ervan af of het voor hen een goeie plek is."
Fiif wenningen
Op it stuit binne der konkrete plannen foar trije lytsskalige wenfoarsjenningen, ien op It Hearrenfean en twa yn Drachten. Neffens Kramers komme der noch twa earne oars yn Fryslân.
"Dan gaat het om maximaal zes kinderen per woning. Voor een deel van de jongeren met deze problematiek is dat een goede oplossing."
Je zult wellicht altijd locaties nodig hebben in een gesloten setting.
Utgongspunt is dat dizze wenningen safolle mooglik in iepen setting ha, seit Kramers. Dat is lykwols net foar elk bern geskikt en dêrom kin, neffens har, sletten jeugdsoarch ek net folslein útsletten wurde. "Je zult altijd locaties nodig hebben in een gesloten setting. Sommige kinderen hebben bescherming en veiligheid nodig, om te voorkomen dat ze weglopen of zichzelf beschadigen."
Op de fraach hoe't it krekt oanpakt wurde sil, hat Kramers noch gjin antwurd. "Dit is iets waar de inspectie zich nog over zal buigen. Met als vraag: hoe doe je dit op een goeie manier?"
Gemeenten mear grip
Kramers hat der fertrouwen yn dat gemeenten no mear grip krije op dizze foarm fan jeugdsoarch. "Het is een hele andere vorm van wonen."

De situaasje fan Woodbrookers koe neffens Kramers ûntstean troch de sletten setting en de grutte groepen bern. "Wat we nu willen, lijkt meer op een woonhuis waar kinderen ook gewoon naar school kunnen gaan. Daarmee wordt het onderdeel van het normale leven waardoor je meer zicht hebt op elkaar."
Beharkje hjir de podcast Fêst yn Woodbrookers:
'Fêst yn Woodbrookers' is ek te finen op Spotify of yn de Apple podcasts-app.
Omrop Fryslân stiet dizze wike mei meardere ferhalen stil by behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen. Dit is werom te lêzen op in spesjale dossierpagina.