Kealslach driget ûnder Fryske skieppehâlders: "Hûnderten wolle ophâlde"

In skiep sûnder blautonge op de feemerk yn Ljouwert © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Hûnderten Fryske skieppehâlders wolle dermei ophâlde. Dat komt troch de effekten fan it deadlike blautongefirus op de lânbousektor, seit foarsitter Andries Kingma fan de Ljouwerter feemerk.

De ekonomyske gefolgen binne grut, neffens Kingma sels grutter as earder tocht waard. Kingma warskôget foar in kealslach yn de sektor as gefolch fan de sykte ûnder de skiep: "In grutte katastrofe."

Neffens de feemerkfoarsitter binne der dus hûnderten boeren dy't de lêste wiken oanjûn ha dat se ophâlde wolle. It tal skiep dat nei de feemerk yn Ljouwert brocht wurdt, is ek de helte minder as oars. "In hanneler hat yn in wike tiid tsien boeren hân dy't opholden mei skiep."

We sjogge in enoarm soad leed by de skieppeboeren. Se binne emosjoneel.
Lânbouminister Piet Adema

De prizen foar skiep binne noch goed, mar dochs binne der in soad soargen oer blautonge. "Der falle alle dagen sa'n 750 skiep út. De bisten dy't it wol oerlibje, binne yn minne kondysje", seit Kingma.

Minder lamkes

Dêrtroch hat blautonge net allinnich gefolgen foar de koarte, mar ek foar de lange termyn. Der wurde nei ferwachting folle minder lamkes berne takom jier. "We sjogge in enoarm soad leed by de skieppeboeren. Se binne emosjoneel. Wy hawwe mei ús allen in soad fragen. Hoe is it ûntstien? Hoe is it hjir kaam?"

Plakken yn Fryslân dêr't offisjeel blautonge fêststeld is:

Benammen hobbyboeren hâlde manmachtich op fan buorkjen mei skiep. "Dy stap is foar dy minsken hiel gau set. De problematyk mei de wolf makket dat de sektor dûbeld rekke wurdt", seit Kingma.

Krityk op minister Adema

Hy hat fûle krityk op lânbouminister Piet Adema. "Hy hie mear aksje ûndernimme moatten. Dizze minister hat net foar it Súd-Afrikaanske faksin keazen. Dat fertroude er net. Dat beslút hat fiergeande gefolgen hân, want de skiep binne no net mear te rêden."

Minister Piet Adema yn oerlis mei syn Europeeske kollega's © ANP

Ek op heech nivo is der noed oer blautonge. Europeeske ministers bepraten de situaasje moandei yn Lúksemboarch.

Flugger faksin

It is noch mar de fraach oft de Nederlânske skieppesektor de útbraak wol oerlibje sil, warskôget lânbouminister Piet Adema. Yn oparbeidzjen mei buorlannen Dútslân en België wol hy dat der flugger wurke wurdt oan in faksin.

"Dat sil spannend wurde", seit Adema nei it oerlis mei syn EU-kollega's. "It oantal skiep sil takom jier enoarm weromrûn wêze."

Kealslach driget ûnder Fryske skieppehâlders

De minister wol yntusken sjen oft de oerheid skieppehâlders stypje kin. Yn prinsipe is der neffens Adema gjin jild beskikber, mar der soe neffens him wol nei sjoen wurde. Hy neamt de gefolgen "desastreus" foar de sektor.

Gearwurkingsferbân LTO sjocht noch net dat skieppehâlders harren lidmaatskip opsizze of ophâlde fanwegen blautonge. Neffens Albert van der Ploeg fan de fakgroep skieppehâlderij is it wol in tige dreech jier foar de sektor. Dat hat neffens him net allinne mei it blautongefirus te krijen, mar bygelyks ek mei de driging fan de wolf.

Dy gefolgen geane neffens Kingma fierder as allinnich skiep. Hy is benaud dat der mutaasjes fan it firus komme. "Der binne gjin protokollen fan de oerheid. Skieppehâlders en melkfeehâlders stean machteleas."

Praat fan de dei

Feehanneler Haye Jan Nicolay fan Britsum sjocht ek de gefolgen om him hinne. "It is it praat fan de dei. Eltse boer hat der no mei te krijen."

As hanneler komt er in soad by boeren dy't de skiep no fuort dogge. "Dan sizze se: wy ha ús nocht derfan. Dit is it ús net wurdich."

Skieppehanneler Haye Jan Nicolay © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De ynfloed op ús lân kin grut wêze. "De skiep wurde hjir djoer, wy sille mear ymportearje moatte. Der geane no safolle dea oan blautonge, ik tink dat der takom jier hast gjin lamkes mear binne", seit Nicolay.

Ik gean ek eltse moarn mei it swit ûnder de earms nei de bisten ta. Dan hoopje ik dat it net safier is.
Skieppehanneler Haye Jan Nicolay

Nicolay hat sels ek in keppel skiep thús. "Ik gean ek eltse moarn mei it swit ûnder de earms nei de bisten ta. Dan hoopje ik dat it net safier is." Dizze wike wie it wol safier: ien skiep fan him hat yntusken blautonge. Hy begrypt dat minsken de wille yn it buorkjen ferlieze.

"Asto de helte fan dyn skiep misse moatst troch de gefolgen fan it firus, dan soe ik der ek gjin nocht mear oan hawwe."