Foar it libben skea troch Woodbrookers: "Mijn vertrouwen is daar kapotgemaakt"

Kliïnten fan Woodbrookers ha troch de misstannen yn dy soarchynstelling foar it libben skea oprûn. Daisy hat fjouwer jier yn Woodbrookers sitten. Se waard struktureel opsletten op har keamer of isolearsel.
Daisy de Jong wie tolve jier doe't se yn Woodbrookers pleatst waard. "Ik dacht dat het normaal was hoe ze met ons omgingen. Als ik nu terugkijk, besef ik dat het nog dagelijks van invloed is op mijn leven", fertelt se.
Omrop Fryslan kaam juster nei bûten mei it nijs dat yn jeugdynstelling Woodbrookers op strukturele basis gebrûk makke waard fan pineprikkels en it isolearjen fan bern, wylst dat net tastien is en der boppedat faak gjin oanlieding foar is.
"Je doet het zelf"
Daisy hie hast alle dagen te krijen mei dy hurdhandige oanpak troch it personiel en hat dêrtroch in soad mentale skea oprûn. "Toen ik twaalf was, werd al tegen me gezegd dat ze geen medelijden met me hadden als ik mezelf sneed", fertelt Daisy mei triennen yn de eagen.

"Ik deed het zelf, zeiden ze. Met die woorden zit ik nog steeds in mijn hoofd. Ik vecht er nog elke dag tegen. Ik moet er heel erg mijn best voor doen om te beseffen dat ik het wél goed kan doen en een goed mens ben. Dat is best pittig."
Ik ga niet naar de tandarts of huisarts, uit angst dat ik verplicht wordt opgenomen.
Daisy it net de iennige jongere dy't mei dy problemen wrakselet. Se hat goed kontakt mei Marga de Groot, in âld-soarchmeiwurker dy't nei foaren stapt is as fertsjintwurdiger fan fyftjin âld-kliïnten fan Woodbrookers.

"Wat ik heel vaak van de kinderen te horen krijg, is dat ze dachten dat het normaal was wat er met hen gebeurde bij Woodbrookers. Ze wisten niet dat het niet kon of mag wat daar gebeurde", fertelt De Groot,
De Groot stelt dat Woodbrookers de bern gjin romte jûn hat om harren te ûntwikkeljen. "Hun 'eigen ik' werd volledig weggeveegd, terwijl ze zich juist moeten kunnen ontwikkelen. Dat gaat gepaard met ondeugend zijn, niet willen luisteren. Dat heeft elk kind nodig om groot te kunnen worden. Als het op deze manier de kop ingedrukt wordt, dan kan een kind zichzelf niet ontwikkelen tot hun eigen ik."
Eangst foar helpferlieners
Neist it fertrouwen yn harsels, mist Daisy ek it fertrouwen yn helpferlieners. "Ik ga niet naar de tandarts of huisarts, uit angst dat ik verplicht word opgenomen. Ik heb wel zorg nodig, maar ik weiger het toe te laten. Mijn vertrouwen in dat soort mensen is bij Woodbrookers kapotgemaakt."
Datselde byld sjocht Marga de Groot by de oare jongerein mei wa't se kontakt hat. "We hebben volwassenen gecreëerd die hier de rest van hun leven last van zullen hebben. Ze zijn dusdanig beschadigd dat dit niet meer hersteld kan worden. Als je weet hoe moeizaam het vertrouwen van mensen te herstellen is, dan is er nog een lange weg te gaan."

Ald-psychiater Peter Dijkshoorn sjocht dat faker by jongerein dy't út de jeugdsoarch komme. "Sommige kinderen vinden het prettig om even in de isoleercel te zijn. Maar in verreweg de meeste gevallen is het schadelijk, omdat alles je wordt afgenomen en je de greep op je eigen leven kwijt bent."
"Isolatie leidt tot wantrouwen naar de samenleving en wantrouwen naar de zorg. Je krijgt als kind van twaalf wantrouwen en dat blijft zitten. En dat is heel moeilijk om te corrigeren."
Ik doe vooral saaie dingen. Dat heb ik nodig gehad om mezelf te ontdekken.
Foar Daisy en oare ald-kliïnten is it derom tige wichtich dat se erkenning krije en dat tajûn wurdt dat der flaters makke binne. "Het is iets wat emotioneel zo veel gevolgen heeft. Ik wil mensen laten zien dat we gewoon kinderen zijn. Ik vind dat mensen zich daar bewust van moeten zijn."
Daisy hat noch hieltyd gjin erkenning krigen fan Jeugdhulp Friesland, de ynstânsje dy't ferantwurdlik is foar Woodbrookers. "Die bagatelliseert de kwestie en schuift het allemaal af op mij of op de ouders. Dat is lekker makkelijk."
"Wie ben ik nu echt?"
Nei alles wat Daisy meimakke hat, giet it yntusken in stik better mei har. "Nu ik daar weg ben en alle hulpverleners op afstand zijn, gaat het goed. Ik snij me niet meer, drink niet meer, ik ga niet op stap. Ik heb huisdieren en ben lekker aan het bakken. Ik doe vooral saaie dingen. Dat heb ik nodig gehad om mezelf te ontdekken. Om te kijken wie ik nu echt ben."
Omrop Fryslân bringt dizze wike mear ferhalen oer Woodbrookers. Op ús dossierpagina kinne alle ferhalen weromlêzen wurde.