Gjin oaljekoekeferkeap op Aldjiersdei yn Dantumadiel, sneinsrêst wichtiger

Dit byld sille we net sjen yn Dantumadiel op 31 desimber © RTV NOF

De oaljekoekegate yn de gemeente Dantumadiel liket foarby. De gemeente sil gjin ûntheffing jaan foar de ferkeap fan oaljekoeken op Aldjiersdei.

Yn it koälysje-akkoart fan de gemeente stiet dat yn Dantumadiel net toarne wurdt oan de sneinsrêst. Foar Aldjiersdei komt der dus gjin útsûndering.

In sneinsiepening fan de detailhannel yn de gemeente komt der de kommende tiid ek net. Dantumadiel sil op syn betiidst yn 2025 ûndersykje oft dêr draachflak foar is.

Undernimmers dy't de regel oertrêdzje, kinne flinke straffen krije. Neffens de Wet Economische Delicten kin in oertrêding fan de winkeltidewet yn de slimste gefallen bestraft wurde mei in finzenisstraf oant seis moannen of in jildboete oant 19.000 euro.