Earefoarsitter Ype Smid hie Ultee al yn de simmer ferfongen: "Had Grim voor de groep gezet"

As it oan earefoarsitter Ype Smid fan SC Cambuur lein hie, dan hie trainer Sjors Ultee ôfrûne simmer dien krigen. Yn de Sportcast leit Smid út dat hy Fred Grim in bettere kandidaat fûn.
"Het is volgens mij gewoon een mismatch geweest tussen Ultee en de club", fertelt Smid. Foar dit seizoen wie Henk de Jong, dy't no it stokje oernaam hat fan Ultee, noch net fit.
Dêrom soe Smid gien wêze foar de hjoeddeistige trainer fan FC Emmen. "In de zomer had ik Grim voor de groep gezet, ook gezien zijn Cambuurverleden. Het valt niet mee om Henk op te volgen en ik denk dat Grim daar beter bestand tegen was geweest."
Taktikus neist Henk de Jong
Cambuur helle freed foar it earst wer in punt nei fjouwer nederlagen. It wie de twadde wedstriid sûnt De Jong it oernaam fan Ultee.
Yn de eagen fan Smid hat De Jong ferlet fan in goeie assistint-trainer. "Het is wel bekend dat Henk een tacticus nodig heeft. Hij heeft zelf natuurlijk ook kwaliteiten, maar die liggen minder op dat vlak. Ik denk dat Henk functioneert als de staf ook op een bepaalde manier is ingevuld."
By Sportklup Hearrenfean is it 'alarmfaze trije' yn de eagen fan ferslachjouwer Wybren de Boer. "Nei de earste twa wedstriden fan it seizoen, dy't it wûn, is Hearrenfean it paad bjuster rekke." Ut de lêste sân wedstriden helle Hearrenfean ien punt. De klup stiet no fyftjinde.
En dus fynt De Boer dat trainer Kees van Wonderen it fjild romje moat. "Ast yn de earedivyzje bliuwe wolst, moatst op 'e tiid yngripe. Kinst it noch wol in pear moannen oansjen, mar dan binne de problemen nei alle gedachten noch grutter."
Nije Cambuurstadion
Problemen foarsjocht Smid ek by de ôfbou fan it nije Cambuurstadion. De direksje fan de klup sil nije wike yn in oandielhâldersgearkomste goedkarring freegje om ekstra jild te lienen. "Het wordt één groot leningenverhaal. Daar maak ik me wel zorgen over", seit Smid.
Sels hat er yn syn tiid as foarsitter fan de ried fan kommissarissen in grutte rol spile by de stadionplannen. "Het moet in de toekomstige exploitatie wel een behapbaar geheel blijven. Je kan alles bij elkaar lenen, maar je moet er wel aan kunnen voldoen."
Smid is benaud dat Cambuur oan rinte en ôflossing it dûbele kwyt is as oarspronklik yn de plannen stie. "Als dit niet op een goede manier geregeld wordt, krijg je uiteindelijk ook sportief problemen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.