322 ferâldere huzen wurde ferfongen yn Snits, ek ekstra sosjale hierwenten

De gemeente Súdwest-Fryslân is fan doel om 322 ferâldere huzen slope te litten yn de Snitser wyk Het Eiland. Yn plak dêrfan komme der nije wenten dy't oan de easken fan hjoed-de-dei foldogge. It giet ûnder oare om sosjale hierwenten.
As de plannen trochgean, komme der 64 sosjale hierwenten by, boppe-op it besteande oantal fan 322 wenten. Neffens de gemeente jout it bestimmingsplan hjir foldwaande romte foar, as der in oplossing fûn wurdt foar it parkearjen.
De huzen dy't der no steane binne krekt nei de Twadde Wrâldoarloch boud en binne dus oan ferfanging ta. De wyk moat ek griener wurde.
"We hebben een tekort aan sociale huurwoningen, niet alleen hier, maar landelijk. Het toevoegen van extra sociale huurwoningen is dan ook geen overbodige luxe", reagearret wethâlder Michel Rietman.
Strak tiidsplan
Yn it foarjier fan 2024 sil de gemeenteried in beslút nimme oer it definitive bestimmingsplan.
Wenningkorporaasje Elkien sil de earste huzen nei ferwachting yn it twadde fearnsjier fan 2024 slope. De bou begjint dan ein 2024 en yn it neijier fan 2025 wurdt de oplevering fan it earste diel fan it projekt ferwachte. Yn 2030 soene de lêste nije ynwenners harren sleutel krije moatte.