Direkteur Jeugdhulp Fryslân: "Oprechte excuses aan slachtoffers Woodbrookers"

Jeugdhulp Fryslân biedt ekskuzen oan foar de wize wêrop't bern by Woodbrookers yn Koartehimmen behannele binne. "We erkennen en zien dat de zorg die we daar toedienden schadelijk is voor de ontwikkeling van kinderen."
Direkteur Johan Krul fan Jeugdhulp Fryslân komt no mei de ekskuzen, om't de ôfrune tiid in soad ferhalen nei bûten kaam binne fan jongeren dy't yn Woodbrookers sitten ha. "Die verhalen zijn bekend", seit Krul.
"De excuses nu zijn oprecht gemeend. Ik wil dan ook tegen de kinderen en ouders zeggen dat het ons spijt als ze er nog steeds last van hebben."
De ekskuzen binne rjochte oan de bern en har âlden dy't har de ôfrûne tiid meld ha by Jeugdhulp Fryslân.
Krul sjocht it ek breder: "Het geldt ook voor jongeren die te maken hebben gehad met isoleren en vastpakken en daar last van hebben gehad. Maar ook voor medewerkers die moeite hadden met het toepassen van de maatregelen die toen gebruikt werden."
By behannelsintrum Woodbrookers wurde bern tusken de 12 en 18 jier mei gedrachs- en psychiatryske problemen opfongen. Yn it begjin, yn 2010, wie der plak foar 64 jongeren. Dat is no ôfboud nei acht. Yn july takom jier giet Woodbrookers definityf ticht.
De ynstelling kaam yn opspraak nei ferskate berjochten oer misstannen. Bern brochten somtiden de nacht troch yn de isolearsel of waarden mei geweld of pineprikkels yn betwang holden.
Krul jout ta dat de soarchferliening yn Woodbrookers net goed wie en wol tagelyk dúdlik meitsje dat syn organisaasje leard hat fan dizze saak. Maklik is dat net, seit er: "Het is heel ingewikkeld om dat anders te doen. Het speelt niet alleen bij ons."
Lanlik is der de ôfrûne jierren nij belied ûntwikkele ûnder de titel 'Ik laat je niet alleen'. Dat projekt moat derfoar soargje dat jongerein minder gau yn twongen ôfsûndering pleatst wurde.

"Het klinkt heel makkelijk om te zeggen: we stoppen ermee. Het is heel complex", seit Krul deroer. "Het gaat soms om heel agressief gedrag waarbij de veiligheid van de jongere of de medewerker in het geding is."
Gjin skeafergoeding
Dat der no ekskuzen makke wurde, wol net sizze dat der ek in skeafergoeding folget, stelt Krul. "Het is echt het meedenken met de kinderen. We willen heel graag hun kennis en expertise gebruiken om te bepalen wat ze nodig hebben."
Johan Krul moet opstappen. Excuses zijn pas geloofwaardig als er een ander zit.
Marga de Groot fan Grins stiet fyftjin kliïnten en âld-kliïnten by. Se wurke earder as direkteur fan de stichting Community Support, dy't foarkomme wol dat bern út hûs pleatst wurde.
De Groot twivelet oan de oprjochtheid fan Krul. "Al anderhalf jaar ben ik samen met oud-cliënten in gesprek met Krul. Nooit was er sprake van erkenning voor wat hun kinderen is aangedaan."
Se fynt de ekskuzen dy't no komme net akseptabel foar de âlders dy't dêr al sa lang foar stride. "Tijdens die gesprekken kwamen er nooit excuses. Krul haalde wel audits aan waarin stond dat het goed ging. Nu het vergrootglas erop ligt, komt hij dan wel met excuses. Krul moet opstappen. Excuses zijn pas geloofwaardig als er een ander zit."
Krul sels tinkt net oan opstappen. Neffens him is hy de goede man om it nije belied en de oare foarmen fan help foarm te jaan: "Ik denk dat ik heel goed op de hoogte ben van wat er speelt. Het is nu een goede situatie om dit door te ontwikkelen."
De Groot wol no dat Jeugdhulp Fryslân trochpakt: "Er zou eigenlijk een soort meldpunt moeten komen voor ouders en jongeren. Dan kun je per geval bekijken wat iemand nodig heeft om hun leven weer op de rit te krijgen. Dat kan voor de één een traumabehandeling zijn, voor de ander een geldbedrag."
'Oanpak wie ûnderdiel fan bedriuwskultuer'
It isolearjen en hurdhandich fêsthâlden fan bern, in soarte fan finzenisrezjym, wie ûnderdiel fan de bedriuwskultuer. Dat hat dermei te krijen dat behannelsintrum Woodbrookers ûntstien is út jeugdfinzenis Het Poortje yn Grins. "De kinderen die nu naar Woodbrookers gaan, belandden twaalf jaar geleden in de gevangenis", seit Krul.
Om't dy jongeren net yn de finzenis thús hearre, is JeugdzorgPlus ûntstien. Dat is bedoeld foar jongeren oant achttjin jier mei gedrachsproblemen dy't in gefaar binne foar harsels of oaren.
"Dat regime veranderen kost tijd", seit Krul. It hie ek earder oars moatten, fynt er, mar dat wie dreech. It is wol slagge. "Ja, vastpakken doen we nu in uitzonderlijke situaties en isoleren doen we helemaal niet meer."
As it wol bart, seit Krul, wurdt der fuort yngrepen. Der binne no ek lytsere groepen. Dat belied is yn 2019 al ynset. Doe is besletten dat der yn Woodbrookers ôfskaald wurdt fan 64 kliïnten doe nei 8 no.
Definityf ticht
Yn july giet Woodbrookers definityf ticht. "Heel Nederland weet dit, de staatssecretaris zegt ook: dit is niet de juiste vorm van zorg. De mensen in de keten, de verwijzers, vinden alleen dat we nu te snel gaan. Die zitten met de handen in het haar."
Omrop Fryslân stiet dizze wike mei meardere ferhalen stil by behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen. Dit is werom te lêzen op in spesjale dossierpagina.
Der is mei meardere kliïnten en âld-kliïnten praat oer hoe't der mei harren omgongen is. Ek is der praat mei in âld-meiwurker en saakkundigen.
Oanlieding foar dit ûnderwerp binne de ferhalen dy't de ôfrûne tiid nei bûten kaam binne oer de gong fan saken yn it behannelsintrum. Njonken de artikels komt tiisdei de podcast 'Wike yn, wike út' online mei eftergrûnen by de ferhalen.
Der wurdt no hurd wurke oan alternative opfang. By Jeugdhulp Fryslân ha se dêr konkrete plannen foar, lit Krul witte: "Je wilt voorkomen dat kinderen in een situatie komen waarin het zo misgaat. Wij merken dat er andere vormen mogelijk zijn als wij eerder in die keten zitten, dus voor de rechter zich uitspreekt. Door ambulante hulp thuis aan te bieden of in een pleeggezin."
Beluister hjir de podcast Fêst yn Woodbrookers: