Liveblog | 23 oktober 2023

112 nijs 23 oktober: Auto tsjin pylkwein by Koarnwertersân | Elektryske auto oer de kop slein by Jobbegea

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 23 oktober 2023, 21:20
21:20

Auto botst tsjin pylkwein by Koarnwertersân

© CAMJO Media

In bestjoerder fan in auto is moandeitejûn tsjin in pylkwein oanriden. De wein stiet op de A7 yn ferbân mei de wurksumheden. De ynsittende is nei it sikehûs brocht.

Hoe't it ûngelok barre koe is noch net dúdlik. De auto is ôffierd troch in berger.

18:03

Fatbike rydt mei hege snelheid tsjin man op fyts yn Wolvegea

© BTBfotografie

In jongen op in fatbike botste moandeitemiddei yn it sintrum fan Wolvegea tsjin in âldere man op in fyts. Dat barde op de krusing fan de Van Baerdstraat mei de Van Harenstraat.

De fatbike soe hurd riden ha en ried nei alle gedachten op de ferkearde helte fan de dyk.

De plysje hat de fatbike yn beslach naam.

15:25

Boartershúske yn brân by Wurdum

Der hat moandeitemiddei brân west yn in boartershúske efter in wenning oan de Legedyk yn Wurdum.

De brânwacht hie in protte muoite om by it fjoer te kommen, mar úteinlik is dat dochs slagge.

Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend. Krekt foardat de brân útbruts, seagen tsjûgen bern út it húske kommen. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de tadracht fan de brân.

Boartershúske yn brân by Wurdum © AS Media
14:45

Elektryske auto oer de kop slein by Jobbegea

Der is moandeitemiddei in elektryske auto oer de kop slein op de Tjongervallei yn Jobbegea.

It ûngelok barde yn in flauwe bocht. De auto glied meters troch de berm foardat hy ta stilstân kaam.

De bestjoerder is troch omstanners út de auto holpen. In ambulânse hat it slachtoffer neisjoen.

Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net dúdlik.

Auto op de kop by Jobbegea © BTB Fotografie
12:20

Minybiblioteek brânt ôf yn Ljouwert

Oan de Gaumastate yn Ljouwert is moandeitemoarn in minybiblioteek yn flammen opgien. De inisjatyfnimmers hearden in lûde knal en waarden in kertier letter troch buorlju warskôge.

Johan Schilstra en Annebien Duhen hawwe trije jier lyn in kninehok tsjinoer harren hús set, mei dêryn boeken dy't elts liene koe. "Minsken wiene der bliid mei, se lieten somtiden briefkes achter. As it hok stikken wie, dan kamen se mei ark oandraven."

De minybiblioteek yn brân © Omrop Fryslân, Marcel Huisman

Schilstra tinkt dat der in fjoerwurkbom yn it hokje smiten is. Schilstra: "Der wurdt hjir wol faker fjoerwurk ôfstutsen, dêr dogge we dan neat mei." It hokje en de boeken wiene net mear te rêden. Moandeitemoarn hat it pear de restanten nei it stoart brocht.

Oft der in nije minybiblioteek komt, is noch net wis. It pear seit wol op 'e siik te wêzen nei in nij kninehok.

Minybiblioteek yn brân
10:30

Treinferkear fan 'e middei wer opstart

It treinferkear tusken Ljouwert en Harns wurdt fan 'e middei om 16.00 oere wer opstart. Dat lit spoarbehearder ProRail witte.

Op it trajekt wiene ôfrûne wykein wurksumheden oan it spoar. Dêr waard yn de nacht fan sneon op snein in eksplosyf út de Twadde Wrâldoarloch by fûn. Troch dy fynst koe de tsjinstregeling moarns net direkt opstart wurde. Arriva set bussen yn oant de treinen wer ride.

© Omroep Zilt, Lennard Geerts