Ynstjoering foar it Regio Songfestival no ek opnaam, tariedingen yn folle gong

Melissa Pander yn de studio © Omrop Fryslân

Kompleet mei achtergrûnsjongers en al hat Melissa Pander, winneres fan de Fryske muzykwedstriid Liet, har ferske yn de studio opnaam. Sy mei Fryslân fertsjinwurdigje op it Regio Songfestival mei it nûmer 'Foarby'.

"Der komt wol in soad op dy ôf", fertelt Pander nei't sy de tredde stim opnaam hat. "Ik haw ynienen in soad ynterviews en sa'n opname is ek hiel oars as oars."

Produsint Michiel Hoogeboezem fertelt Pander dat sy mar krekt dwaan moat oft der in grut publyk yn de studio nei har optreden sjocht. "Sa klinkt it better, wat enerzjiker en fleuriger", seit Pander.

Lytse feroarinkjes

Oan it nûmer binne lytse dinkjes byskaafd en oanskerpe yn de studio. Pander wol lykwols sa ticht mooglik by har nûmer bliuwe dat sy op it poadium fan Liet sjen litten hat. "Ik bliuw eigen baas fansels."

Melissa Pander nimt har ferske op yn de studio

Pander kaam as winner út de bus by it Fryske sjongfestival Liet, oardel wike lyn. Mei 46 punten fan it publyk en de sjuery bleau sy de nûmer twa (31 punten) rom foar. Dêrom mei sy op sneon 4 novimber by it Regio Songfestival Fryslân fertsjintwurdigje.

It earste Regio Songfestival wurdt op sneon 4 novimber fan 20.30 oere live útstjoerd op de sosjale media-, YouTube- en telefyzjekanalen fan Omrop Fryslân en de oare regionale omroppen.

Yn de finale wurde alle provinsjes fertsjintwurdige troch in artyst of act dy't yn it Nederlânsk of yn in streektaal sjongt. De jûn hat plak yn de stedsskouboarch fan Utrecht.

Goeie kâns op in poadiumplak

Fryslân makket wol reedlik kâns op it regio songfestival, seit Hoogeboezem. "Ik heb de concurrentie even gezien, er is één uptempo nummertje bij dat vergelijkbaar is met dat van Melissa. Er is ook een rapnummer bij waarvan ik denk dat het niet heel hoge ogen zal gooien. En voor de rest zijn het veel singer-songwriters die kleine dingetjes zingen."

Melissa Pander, de winner fan Liet 2023 © Omrop Fryslân

It is dus ôfwachtsjen wat de konkurrinsje dwaan sil, mar Hoogeboezem hat fertrouwen yn de Fryske ynstjoering. "Melissa heeft een vrolijk nummer dat er wel in kan knallen dus ik ben er wel positief over."

Pander is drok mei de tariedingen foar begjin novimber. "Wy moatte repetearje, it nûmer wat promoatsje op sosjale media en ik sil noch wol in outfit útsykje moatte dat ik en de band oandwaan kinne."