Kurator: Gjin trochstart foar Big Bazar

Big Bazar yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Iris Witzenburg

It fallite winkelbedriuw Big Bazar krijt gjin trochstart. Dat meldt de kurator.

Ein septimber waard dudlik dat de skuld fan it bedriuw sa grut wie, dat in fallissemint net mear keard wurde koe. Meardere partijen soene doe yntresse hân ha in yn trochstart.

No meldt de kurator oan it personiel dat der ien partije wie dy't echt fierder woe mei it winkelbedriuw, mar dy woe net genôch jild op it kleed lizze, en dêrtroch koe de kurator net op dy bieding yngean.

It bedriuw Big Bazar wie fan de Fryske ûndernimmer Jerke Kooistra út Damwâld. It siet al langer yn finansjele problemen. Meardere partijen seine dat it de rekkens net betelle, en ferhierders fan winkelgebouwen stapten nei de rjochter.

Utlis

Oan de meiwurkers leit de kurator út dat it syn belangrykste taak is om noch safolle mooglik jild út de boedel te heljen foar it beteljen fan de skuldeaskers. Dêrtroch koene se net yngean op in foarstel fan in keaper dy't mar in fraksje fan de oarspronklike ynkeapwearde fan alle oerbleaune artikels betelje woe.

Oare partijen dy't har yn de ôfrûne wiken meld hiene by de kurator, woene net fierder mei de winkel mar wiene allinne ynteressearre yn de foarried. Mei har hat de kurator ek gjin deal sletten omdat se te min jild beanen.

Utferkeap

Yn de kommende tiid sil de kurator de foarried fan de oerbleaune winkels fan Big Bazar sels ferkeapje. "Zoals gebruikelijk bij een faillissementsuitverkoop zullen zij daarbij kortingen geven", meldt de kurator.

Big Bazar hie fiif fêstigingen yn Fryslân: yn Ljouwert, Drachten, Boalsert, Snits en Easterwâlde.