Marlene Bakker sjongt yn it Grinslânsk: 'Taal is siel fan in provinsje'

Marlene Bakker by in optreden © ANP

In provinsje dy't syn taal ferliest hat gjin siel mear, stelt sjongeres en lietsjeskriuwer Marlene Bakker. Se kaam der yn Brabân achter dat it Grinslânsk it bêste by har past.

Frysk ferstean is foar de Grinslanner Bakker gjin probleem. Har pake kaam út 'e omkriten fan Gerkeskleaster en Surhústerfean.

Op 't heden docht se in koarte toernee by de Noardlike teäters del. It programma Oavonturen is neamd nei har twadde album dat - fiif jier nei har súksesfolle debútalbum Raif - krekt útkaam is. Op 29 oktober stiet se mei har fiifkoppige band yn De Koornbeurs yn Frjentsjer.

Marlene Bakker oer har taal en har muzyk yn Noardewyn:

Foar in soad resinsinten is it Grinslânsk gjin probleem. Radiomakker Frits Spits wie loovjend oer har earste cd. Hy neamde it sels efkes album fan it jier. En muzykblêd OOR skreau: "Het is prachtig wanneer je het verstaat, maar eigenlijk net zo mooi als je er geen chocola van weet te maken."

Smilke

Bakker waard yn 1984 berne yn Niezijl by Grypstsjerk en groeide op yn Smilke (Smeerling), net fier fan de Dútske grins. Dêr hawwe har âlden in antykwinkel yn in Saksyske pleats dêr't se ek wenje.

Marlene Bakker © Stilsteand byld fideoklip Waarkhannen

De leafde foar erfgoed is har mei de brijleppel yngetten. De mystike sfear fan de histoaryske streek Westerwolde dêr't Smilke yn leit, wie in ynspiraasjeboarne foar har albums. Taal, erfgoed en histoarje komme byinoar yn har muzyk.

Tilburg

Omdat se fierder woe yn de muzyk, ferhuze se op har 17de nei Tilburg. Ynspirearre troch artysten as P.J. Harvey en Radiohead folge se dêr de rockakademy.

Mar se waard ûnwennich fan Grinslân. En wat siet der dochs in soad Grinslânsk yn har Nederlânsk. Se besleat om de Grinzer taal te brûken yn har muzyk.

Streektaal

Dêrmei gie se tsjin de hearskjende trend yn op de rockakademy, dêr't Ingelsk de dominante sjongtaal wie. Yn dy tiid wie it Nederlânsk ek al wat yn it opkommen, mei tank oan artysten as Spinvis en Eefje de Visser.

Marlene Bakker © ANP

Streektalen lykas it Grinslânsk wie hielendal gjin sprake fan. Nettsjinsteande dat keas Bakker derfoar om it Grinslânsk te brûken yn har muzyk, omdat se dêrmei har eigen ferhaal fertelle koe. Letter hawwe streektaalartysten lykas Daniël Lohues en Nynke Laverman de wei frijmakke foar oare muzikanten.

Werom nei Grinslân

Se gie werom nei Grinslân en ferdjippe har fierder yn de taal. It wie foar har in ûntdekkingsreis en in syktocht nei har woartels.

By optredens fertelt se faak wat oer de eftergrûn fan har lieten, sadat it publyk it begripe kin. Mar sels as se dat net docht, fernimt se dat it dan ek wol oerkomt.

Rjocht fan bestean

Se wennet no al goed twa jier yn in terpdoarp middenyn it ierdbevingsgebiet. Har hús út 1850 stiet op archeologyske grûn. Al wrottend yn har toentsje (túntsje) ûntduts se alderhanne foarwerpen yn 'e grûn, lykas porslein, ierdewurk en glês. It fielde as skatgraven.

Peallen hâlde de muorren fan in pleats yn it Grinslanner Winsum omheech © ANP

Se besleat foto's fan har fynsten op sosjale media te dielen. Guon minsken reagearren yn de trant fan: wat moatst mei dy troep? Dêrtroch begûn se nei te tinken wat wol en wat gjin rjocht fan bestean hat. Dat kinne je ek belûke op taal, de omjouwing en skiednis, saken dy't har nei oan it hert lizze.

Stikkene skiednis

Yn it gaswinningsgebiet hawwe in soad huzen safolle skea oprûn dat se net langer feilich binne om yn te wenjen. Guon minsken kieze derfoar om nije huzen bouwe te litten en binne dêr tefreden mei. Oaren fiele dat harren skiednis stikken makke is.

Foar Bakker stiet feiligens foarop, mar se fynt dat de NAM (Nederlandse Aardolie Maatschappij) der te maklik oer tinkt: opkeapje en platsmite.

Guon pleatsen binne al iuwenlang yn hannen fan deselde famyljes. Se binne ûnderdiel fan de skiednis. Foar de belutsen famyljes fielt de sloop as it ferlies fan in famyljelid dêr't in buldoazer oerhinne giet.

Mei har albums besiket Bakker bewustwurding te kreëarjen. In gebiet kin mar ien kear ferneatige wurde, en dan is it foar altyd ferlern.

In optreden fan Marlene Bakker yn de stedsskouboarch fan Grins © ANP

It brûst yn de streektaal fan Grinslân, eins yn it hiele Nedersaksyske taalgebiet. Der wurdt in soad muzyk yn makke. Elk doch it yn syn eigen sjenre. Minsken hawwe der ferlet fan om in bân te hawwen mei wêr't se weikomme, yn in wrâld dêr't se har ferlern yn fiele.

Mear oerienkomsten as ferskillen

Neffens Bakker stiet de streektaal foar in gefoel fan leafde en ferbûnens. It is de taal dy'tst dielst mei dyn famylje, freonen en de minsken om dy hinne. It jout in sterke bân mei it gebiet. As dy taal ferdwynt, ferdwynt om samar te sizzen de siel fan in provinsje.

Hoewol't de trije noardlike provinsjes elk har eigen dingen hawwe, hawwe se mear oerienkomsten as dat se faninoar ferskille. Bakker fielt har yn it hiele Noarden, oft it no yn Fryslân, Drinte of Grinslân is, mear thús as yn it Westen.

Muzyk fan Marlene Bakker

artyst titel
Marlene Bakker Stain
Nynke Laverman Sabearelân
Ani DiFranco To the Teeth
Marlene Bakker Zolaank
Feist Become the Earth
Marlene Bakker Neudeg