Demonstranten yn Ljouwert freegje omtinken foar situaasje Palestynske bern

Hûnderten minsken kamen sneon op de pro-Palestina-demonstraasje op it Saailân yn Ljouwert ôf. Sy sprekke harren út oer de oarloch tusken Hamas en Israel en de situaasje yn Gaza.
Op it Saailân binne Palestynske flaggen en buorden te sjen. Op de buorden steane teksten as 'Free Palestine' en 'Stop War Crimes in Gaza'.
De Ljouwerter Laleh Almarjani stiet tusken de demonstranten en hat in flagge yn de hân. Hy is fan de organisaasje en wol omtinken freegje foar de situaasje yn de Gazastripe. "Als je die beelden ziet van de kinderen die platgebombardeerd worden, breekt me dat", seit er.
Yn ferskate stêden yn Nederlân waard sneon stilstien by de oarloch. Under oare yn Enschede, Den Haag en Amsterdam kamen demonstranten by inoar.
Youssef Al Ali rint op it Saailân mei in flagge om de skouders. "Ik ben uit Syrië gevlucht en weet precies wat het is om een oorlog mee te maken."
"Ik ben in Fryslân gaan werken in de zorg omdat ik me over mensen wil ontfermen", seit Al Ali. "Ik wil ze helpen. Als je dan ziet wat er in Gaza gebeurt en dat die mensen niet meer geholpen worden, dan vind ik dat verschrikkelijk."
Kinderen kiezen er niet voor om gebombardeerd te worden.
Op it Saailân stiet in poadium en wurde ferskate taspraken hâlden. De demonstranten sjonge teksten en slaan dêrby op trommels. Nei de taspraken meitsje sy in tocht troch de stêd nei de Aldehou.
Almarjani hopet dat sa folle as mooglik minsken stilstean by de problemen yn Gaza. "Het gaat hier om kinderen die hier niet voor gekozen hebben. Ze worden gebombardeerd en daar moeten ze het mee doen. De grenzen moeten zo snel mogelijk open om ze te helpen."