MCL wol net ophâlde mei kadootsjes foar bern: "Jout gefoel fan treast "

Bern dy't yn it sikehûs lizze en in ferfelende yngreep hân hawwe, fleurje op nei in lyts kadootsje. Dêrom wol de berne-ôfdieling fan it MCL dêr net mei ophâlde, ek al is der gjin apart budzjet foar.
Bern en âlden koene freedtemiddei nei it sikehûs komme om in LEGO-pakket te keapjen foar de berne-ôfdieling of in skinking dwaan foar de bern. Dêrnei koene besikers de hiele middei mei boublokjes boartsje.
"As bern in ynfús krije, meie se in kado kieze as treast. Dan meie se efkes grabbelje yn de kadokar", fertelt Trienke van der Heijden fan it MCL.
Sonde
Sûnder kadootsje is it ek wol hiel skriel op de berne-ôfdieling. Seker as bern in sonde krigen hawwe bygelyks. "Dat is foar elkenien ferfelend: dat fine wy ferfelend om te dwaan, en de bern ferfelend om te krijen, want je kinne hast gjin ôflieding krije om't it yn je gesicht is.
Krekt yn dy gefallen is it belangryk dat in bern in gefoel fan treast krijt. "Foar de stressferwurking is it goed om in kadootsje te jaan", sa seit de soarchferliener.
Dochs is der net altyd budzjet foar, seit Van der Heijden. "Dêrom lizze der op de kadokar soms in soad kadootsjes en soms in stik minder. Soms is der gjin jild. Dus wy binne hiel wiis mei dizze aksje fan de LEGO-masters."
Donaasje
Wa't no tinkt: ik ha noch goed boartersguod dat ik donearje kin: it is fan herte wolkom, neffens Van der Heijden. Wol is it wichtich dat it nij is en skjinmakke wurde kin. Dus gjin knuffels of boeken, mar wol autootsjes bygelyks.