HEA! Tsjerke poetse yn Marsum
HEA! Tsjerke skjinmeitsje Marsum
De Sint-Pontianustsjerke fan Marsum hat in prachtich, âld, houten ynterieur. En dat hout moat wol goed ûnderhâlden wurde. Dêrom wurde der twa poets-moarnskoften organisearre om alles yn de waaks te setten en út te wriuwen.
De earste sneon ynwriuwe en de twadde sneon útwriuwe. En it waard ek wol wer ris tiid, want de lêste kear dat it barde, wie moai wat jierren lyn. In grutte ploech frijwilligers soarget derfoar dat alles wer prachtich oppoetst wurdt.