Hoe tichtby is in basisplak fan Oliver Braude by sc Hearrenfean?

Oliver Braude fiert de winnende goal tsjin FC Utrecht © Orange Pictures

Oliver Braude is 19 jier, spile noch net langer as 15 minuten mei, mar wurdt al wol bestimpele as in talint by sportklup Hearrenfean. Is Braude de nije rjochtsback fan Hearrenfean en hoe ticht sit hy by in basisplak?

Oliver Johansen Braude, syn folsleine namme, is opgroeid yn Oslo. Dêr spile hy foar Stabaek IF en Valerenga. Yn augustus 2020 kaam hy op in staazje foar in wike nei Fryslân. Hy is dan noch mar 16 jier. "Dat die ik goed, dus koe ik hjir nei ta komme. Dat woe ik graach, want ik hie de dream om yn it bûtenlân te spyljen. As lyts jonkje al."

Braude spilet wedstriden foar Noarwegen ûnder de 17, 18, 19 en 20. Dizze simmer spilet hy op it EK foar teams ûnder de 19. Op Malta wurde se pas yn de heale finale útskeakele troch Portugal (5-0).

Grutsk momint

In moanne letter makket hy syn debút foar it earste alvetal fan Hearrenfean. Yn Utrecht komt Braude yn de 78e minút yn it fjild foar Hussein Ali. Hearrenfean stiet 1-0 foar en wint yn stadion de Galgenwaard mei 2-0. "Dat wie in hiele moaie ûnderfining. Echt in momint om grutsk op te wêzen. Foar my en ek foar myn famylje."

Oliver Braude oer syn tiid by Hearrenfean oant no ta

Braude foel op. It wie mar in kertierke, mar hy joech in goeie foar-assist en foel op troch in pear goeie mominten. "It wie in pittige wedstriid om yn te kommen. We stiene 1-0 foar en it wie spannend. Mar ik tink dat ik it goed dien ha."

Braude foel trije kear yn en die dat trije kear as rjochtsback. Al makket it him net safolle út wêr't hy spilet. "De lêste tiid bin ik mear in rjochtsback. Of in linksback. Yn it ferline ha ik ek wol op it middenfjild spile."

Hoe ticht sit Braude by in basisplak?

Op de rjochtsback-posysje hat hy konkurrinsje fan Denzel Hall en Hussein Ali. Hall is krekt oanlutsen en Ali wie ferline seizoen de twadde rjochtsback efter Milan van Ewijk. Braude liket dan de tredde man foar dy posysje, mar troch syn goeie ynfalbeurten liket hy yn de hierargy op te klimmen. Mar hoe tinkt sit er al by in basisplak?

"Ik moat folwoeksener wurde. Komfortabeler wurde, mear kommunisearre mei de oare spilers. Sa set ik lytse stapkes om better wurden. De lêste tiid wurd ik fysyk ek sterker. Ik ha wat spiergroei troch wat mear yn de sportskoalle te sitten."

Kees van Wonderen oer de kânsen op in basisplak foar Oliver Braude

Mei trije ynfalbeurten is it noch wat lestich om te beoardielen wat foar soarte spiler hy is. Bûten it fjild is hy rêstich, yn it fjild wol enerzjy, sa seit er sels. "Ik bin in rêstige jongen bûten it fjild. Yn myn frije tiid sit ik graach op de bank mei in filmke. Mar op it fjild kinst wol ferwachtsje dat ik my hûndert prosint yn set en hiel hurd wurkje."

Sa sjocht er, trochdat hy no rjochtsback spilet, ynienen ek nei oare topspiler. "As jonkje wie ik fan fan Messi, mar no sjoch ik mear nei rjochtsbacks as spilers as Trent Alexander Arnold (Liverpool) of Nicolo Barella (Inter Milaan). Technysk feardige spilers, mar ek spilers dy't der fol foar gean en echt warriors binne."

Er zit een goede kop op.
Kees van Wonderen oer Oliver Braude

Trainer Kees van Wonderen leit de jonge Noar no trije kear ynfallen en is ûnder de yndruk fan Braude. "Oliver is een enorme slimme speler. Er zit een goed kop op. Met een enorme wil om te slagen. Het maakt hem ook niet uit waar hij speelt. Als ie maar speelt, zegt ie. Dat is fijn om mee te werken."

Fysyk sterker wurde

Mei Hussein Ali en Denzel Hall hat Braude twa konkurrinten foar de posysje op rjochtsback. Toch is hy no trije kear ynfallen. Wat moat hy neffens Van Wonderen noch dwaan om mear te spyljen?

"Zo doorgaan. Hij zit nog wel een beetje op het randje van het fysiek toelaatbare. Hij gaat op een hoger niveau trainen. De laatste weken gaf ie nog wel wat fysieke klachten. Als hij nog wat stappen maakt op het fysieke vlak, dan zit hij heel dichtbij een basisplaats."