Fersmoarge grûn mei PFAS yn drinkwettergebiet by Nij Beets, grutte soargen by Vitens

© ANP

Wetterbedriuw Vitens makket him grutte soargen oer it stoarten fan baggerspesy dy't fersmoarge is mei PFAS yn de sânwinput yn Nij Beets. Yn juny is yn de djippe put 1627 ton baggerspesy mei PFAS stoart. Mar dy put leit deun njonken in drinkwetterwingebied.

Nij Beets is ien fan de 37 saneamde 'diepe plassen' dêr't it stoarten fan sokke fersmoarge bagger tastien is troch de Ryksoerheid. Ek de Eastersanding by Drachten, by de Wide Ie en in sânwinput by Suwâld stean op 'e list, sa is te sjen op dizze kaart.

Vitens

"Wij maken ons zorgen over deze situatie, want de zandwinput bij Nij Beets ligt precies op de grens van het zogenaamde grondwaterbeschermingsgebied", fertelt wurdfierder Rik Dogger fan Vitens. "Formeel is de met PFAS verontreinigde grond misschien net buiten dat gebied gestort, maar de zandwinput is uiteraard één geheel."

Benammen dat lêste is neffens Dogger krusjaal. "Het valt niet uit te sluiten dat er verontreiniging in het waterwingebied terechtkomt. Dat beschouwen wij als zeer onwenselijk."

PFAS is de sammelnamme foar net-ôfbrekbere, troch de minsk makke giftige stoffen, oftewol poly- en perfluoralkylstoffen. De groep bestiet út 6000 stoffen, dêr't mooglik 1500 kankerferwekkend fan binne. De stoffen wurde ek wol 'forever chemicals' (ivige stoffen) neamd. Se hawwe in hiel sterke ferbining en wurde eins net ôfbrutsen.

PFAS wurdt brûkt foar produkten as reinklean, anty-oanbaklagen fan pannen en ek yn guon kosmetyske produkten. It hat de bysûndere eigenskip dat it wetter en smoargens ôfstjit en dat it brân tsjinhâlde kin. Fia de útstjit fan fabriken en it brûken fan produkten dêr't PFAS yn ferwurke is, is it ek yn de Nederlânske boaiem kaam.

Ien fan de bekendste gefallen fan fersmoarging mei pfas, en skealike gefolgen foar de folkssûnens yn 'e omkriten, spile de ôfrûne jierren by it gemyske bedriuw Chemours út Dordrecht.

De gemeente Opsterlân is yn it foar net op 'e hichte brocht oer de tawizing fan de sânwinput yn Nij Beets as stoartlokaasje. Dat blykt út it antwurd fan it kolleezje fan B&W op fragen fan CDA-riedslid Kees-Jan Dijk. Neffens it kolleezje hoecht dat ek net om't it ûnder ferantwurdlikheid fan de provinsje en it Wetterskip falt om stoarting ta te stean.

Dêrby is in stoarting allinnich mooglik wannear't der yn it foar in melding fan dien wurdt by it Wetterskip en nei't fêststeld is dat dy stoarting oan de easken foldocht. Dat betsjut dat de mate fan fersmoarging binnen de jildende noarmen falle moat.

Wetterwinputten Nij Beets

Wetterbedriuw Vitens hat by Nij Beets meardere wetterwinputten. It wetter dat dêr wûn wurdt, wurdt nei de produksjelokaasje yn Noardburgum pompt. Dêr wurdt ek de kwaliteit fan it wetter skerp kontrolearre, seit it bedriuw.

© ANP

Wurdfierder Dogger jout oan dat it tsientallen jierren duorje kin foar't in eventuele fersmoarging mei PFAS yn it wetter bedarret, om't it wetter wûn wurdt op grutte djipte. "De bodem fungeert als filter en de bodemgesteldheid is op iedere plek in Nederland verschillend."

As it giet oer PFAS, dan wolle wy witte wat der bart yn ús gemeente.
Fraksjefoarsitter Jimke Nicolai fan GrienLinks Opsterlân

De fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Opsterlân, Jimke Nicolai, tinkt dêr oars oer: "It giet om ús ynwenners en ús omjouwing. As it dan giet om PFAS, dan wolle wy witte wat der bart yn ús gemeente."

'PFAS is raar guod'

"De lanlike oerheid sit mei in probleem, want PFAS is raar guod en wy moatte it kwyt. Dus sykje we plakken dêr't wy it loaze kinne", tinkt Nicolai. "Mar dat is fansels net noflik by in drinkwetterwingebiet."

De politikus soe graach witte wolle hoe smoarch de baggerspesy krekt is. "Fersmoarge grûn is der yn ferskate kategoryen. It giet hjir net om de swierste kategory, lykas yn Dordrecht. Dat witte wy. Mar wat it wol is, dat witte we net krekt. We ha allinnich de melding dat der wat stoart is."

Yn de sânwinput by Nij Beets leit ek in driuwend sinnepark © GroenLeven

Yn de Fryske Steaten is der fan it simmer, troch de fraksjes fan GrienLinks, Partij voor de Dieren en de SP in moasje yntsjinne oer de stoart fan mei PFAS fersmoarge baggerspesy yn sânwinputten. Dêryn wurde Deputearre Steaten oproppen om der by it Ryk op oan te trunen op te hâlden mei dy stoart. De moasje waard mei grutte mearderheid oannaam.

Minister Harbers

In wurdfierder fan de provinsje lit witte dat deputearre Friso Douwstra ynkoarten in ôfspraak hat mei minister Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. By dy moeting sil ek de stoart fan mei PFAS fersmoarge baggerspesy yn sânwinputten ûnder de oandacht brocht wurde, seit de wurdfierder. De útkomst fan dat petear en eventuele fierdere stappen wurde dêrnei dield mei Provinsjale Steaten.

Ek Vitens jout oan it petear mei de minister oan te gean oer de sânwinput by Nij Beets.