Oekraïners nimme Fryske tulpebollen mei nei hûs, as oantinken en as symboal foar hoop

Tulpefjild Pitersbierrum © Camjo media

Oekraynske flechtlingen gean werom nei hûs, wylst de oarloch noch lang net foarby is. Se nimme Fryske tulpebollen mei, om thús te plantsjen. FryslânDOK folget in groepke Oekraïners yn Aldegea en Earnewâld. Dit wykein op telefyzje: 'Takom maitiid bloeie de tulpen'.

Fan de 85.000 flechte Oekraïners yn Nederlân wol de mearderheid foarearst bliuwe. Dochs nimt in groeiend oantal it beslút werom te gean, wylst it noch oarloch is. Mar nimmen is wis wat te dwaan; elkenien is yn twivel. Dat jildt ek foar de Oekraynske flechtlingen dy't opfongen wurde yn de doarpen Earnewâld en Aldegea.

Doarpsbewenner Karen Bies jout harren al oardel jier lang wykliks Nederlânske les. Yn de lêste byienkomst foar de simmerfakânsje komme alle ferhalen by elkoar.

Nederlânske les © Omrop Fryslân

Foar de ûndernimmers Anna en Alex út Charkiv hat it libben yn Earnewâld te lang stilstien. Mei harren twa jonge bern wennen se op camping It Wiid. Op ôfstân koene se lieding jaan oan harren bedriuwen yn Charkiv. Mar it wachtsjen duorret harren te lang. Se nimme it beslút om werom te gean nei Charkiv, ek al is dy stêd yn it easten fan Oekraïne faak doelwyt yn de oarloch.

Alex en Anna op Nederlânske les yn Aldegea © Omrop Fryslân

Anna Begmenko wol perfoarst tulpebollen meinimme nei hûs, as oantinken en as symboal foar hoop op frede. Mei kameraman Dirk Hofstede en ferslachjouwer Karen Bies giet sy op besite by tulpebedriuw Hanenburg-Hettinga yn Pitersbierrum.

Nei in wiidweidige rûnlieding fan Tjibbe Hanenburg krijt se pûdsjes tulpebollen mei. Anna: "Ik sil se yn myn tún plantsje. En as se takom jier opkomme, haw ik waarme oantinkens oan Nederlân. Oan hoe't wy hjir opfongen binne yn dy foar ús sa drege tiid."

Anna Begmenko (r) en Tjibbe Hanenburg © Omrop Fryslân

Anastasia (Nastya) en har beppe Nadia wenje tegearre op kamping It Wiid yn Earnewâld. Nastya is 11 jier. Se komme út Marioepol, de troch de oarloch folslein ferneatige stêd oan de see fan Azov. Nastya's âlders, Dmytro en Iryna Kuznetsov, en de twa lytste bern, moasten ferline jier septimber al werom nei Oekraïne.

Dmytro is rjochter, en hy wurket no oan de rjochtbank fan de stêd Zjytomir. Yn de simmer fan 2023 gean Nastya en har beppe in pear wike útfanhûs by de famylje. Werom yn Fryslân, ferhúzje se nei in oar Frysk doarp. Nastya wol graach op skoalle yn Burgum bliuwe.

Nadia en Nastya in de les © Omrop Fryslân

Olga út Kyiv bliuwt yn Aldegea, salang't de oarloch duorret. "Ik wil niet dat mijn kinderen in angst leven", seit se. Al oardel jier hat se har man Sergij net sjoen. Yn de simmer fan 2023 wol se in pear wike mei har man en bern fakânsje hâlde yn de bergen fan de Karpaten. Se hat foar dizze reis in nij paspoart nedich, dêr't se mei nei Oekraïne, mar dêrnei ek werom nei Nederlân reizigje kin.

Olga Derenko © Omrop Fryslân

Evdokiya Kukhtina (Dusya) is 74 jier en wennet sûnt juny 2022 yn Aldegea. Sy hat earst by in jonge húshâlding ynwenne en letter ferhuze Dusya nei in oare famylje. Sy hat in protte kunde opdien en se fielt har thús yn Aldegea. Lang hat se twivele, foardat se yn de simmer fan 2023 it beslút nimt werom te gean nei har bern en bernsbern yn Charkiv.

Dusya Kuhtina © Omrop Fryslân

FryslânDOK 'Takom maitiid bloeie de tulpen'

Sneon 21 oktober op NPO2 om 15.30 oere (werhelling 22 oktober 13.10 oere)
Snein 22 oktober op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.