Tjeerd de Groot (D66) oerwage op te hâlden nei bedrigings: "Twijfelde of ik door wilde"

It CV fan Tjeerd de Groot © Omrop Fryslân

Tjeerd de Groot seit dat er oerwage hat om op te hâlden as Twadde Keamerlid. Hy tocht dêr serieus oernei nei ferskate bedrigingen dy't er krige nei syn hurde útspraken yn it stikstofdebat.

"Je staat voor je ideeën. Je bent altijd bereid om daar ook over in gesprek te gaan", seit De Groot. Mar op in gegeven stuit wist er net mear oft dat it him allegear noch wurdich wie. "Het heeft me wel doen twijfelen over of ik door wilde gaan."

Bedrigingen makken dat De Groot twivele oer syn takomst as Twadde Keamerlid

"Je krijgt veel weerstand, maar het is het waard", besleat er úteinlik. "Het hoort kennelijk bij het werk dat je doet."

Plak 10 op de list

De Groot sit sûnt 2017 yn de Twadde Keamer. En hy wol troch. Dochs kin er by de kommende Twadde Keamerferkiezingen samar bûten de boat falle. Mei it each op de peilingen is plak 10 op de list mooglik net genôch foar in sit.

De partij sit yn de peilingen hieltyd krekt ûnder de tsien sitten. "Uiteindelijk is er maar één peiling en die is op 22 november", seit De Groot. Hy hâldt him der boppedat net bot dwaande mei. D66 hat op it stuit 24 sitten.

"Tegen vier van de vijf kiezers die nog niet zeker zijn van hun stem zeg ik: kijk ook naar onze partij." Boppedat moat neffens de berne Haarlimmer de kampanje ek noch wat fan de grûn komme. It tal sitten dêr't de partij foar giet leit heger as seis oant njoggen. "Het moet hoger, het kan ook hoger. Het goede nieuws is dat veel kiezers D66 wel overwegen."

Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Tjeerd de Groot.

De Groot oer partijideology: "Uiteindelijk zal je in Nederland altijd moeten samenwerken"

Mar hoe sit it mei de ideology fan de partij? D66-nestor Jan Terlouw sei tongersdei yn it AD dat guon partijen, lykas D66, harren ideologyske fearren wat kwytrekke binne.

De Groot wol der net tefolle op yngean. Hy tinkt foaral pragmatysk. "Er zijn partijen die feitelijk niet regeren, omdat ze extreme standpunten hebben of geen compromissen willen sluiten. Je zult dus uit honderd zetels 76 bruikbare zetels moeten krijgen."

Dat betsjut ek dat er op 'e foarhân gjin partijen útslute wol. "Uiteindelijk zal je in Nederland altijd moeten samenwerken, ook in de Kamer."

De Groot wol op 'e foarhân noch gjin partijen útslute

In gearwurking mei de BoerBurgerBeweging (BBB) wol er ek net útslute. Dy partij ferskilt op it mêd fan bygelyks klimaat wol in soad fan D66. "Als je met BBB afspraken kunt maken over hoe je de natuur kunt herstellen, hoe je het water schoner krijgt. Er zal gelet op hun verkiezingsprogramma dan wel het een en ander overbrugd moeten worden."

De VVD, de partij dy't it kabinet klappe liet, wurdt ek net meid. "Het gaat erom met welke partijen je het meeste kunt realiseren van het verkiezingsprogramma. Bij dit coalitieakkoord hebben wij ongelooflijk veel gerealiseerd."

Hy tinkt lykwols net dat dat mei de VVD samar nochris slagje sil. "Ze trokken niet voor niets de stekker eruit."

Jetten

Fan it wykein is it partijkongres. Wat De Groot derfan ferwachtet? "Natuurlijk een mooie speech van Rob Jetten."

Jetten moat it dwaan foar D66, neffens De Groot hat de listlûker dêr "absoluut" de energie foar. "Hij is én jong én ervaren. In tijden van oorlog heeft hij Nederland als energieminister onafhankelijker gemaakt op het gebied van energie."

De cartoon van Gerco van Beek oer Tjeerd de Groot © Omrop Fryslân