Dûbeld gefoel by Cambuur nei lykspul tsjin MVV: "It is net sa maklik as we tochten"

Henk de Jong yn de útwedstriid tsjin MVV © Orange Pictures

In dûbeld gefoel. Dat is it sentimint dat libbet by de spilers en trainer fan SC Cambuur nei it lykspul yn de útwedstriid tsjin MVV Maastricht (1-1). De Ljouwerters ferlearen fjouwer kear op rige en koenen foar it earst sûnt 17 septimber wer in punt byskriuwe.

"Ik bin teloarsteld, mar kin hjir wol mei libje. It is wol in terjochte útslach", seit trainer Henk de Jong. "It hie ek 3-3 wêze kinnen, of 4-4 of 5-3 foar ús. Oan de ein moatte je him eins gewoan beslisse. Dat binne wol dikke kânsen."

De Jong doelt dêrmei op in tige grutte kâns foar middenfjilder Fedde de Jong yn de slotfaze fan it duel. Each-yn-each mei de doelman fan MVV skeat er de bal rjocht op de keeper ôf. "En dan ek noch de kâns fan Milan Smit dy't er tsjin de lange (Roberts Uldrikis, red.) oansjit. Dy moatte binnenlizze."

Trainer Henk de Jong oer it earste punt nei syn rentree as Cambuurtrainer

Ek ferdigener Léon Bergsma seach de twa kanten fan it lykspul. "De waarde is dat je vier keer verloren hebt en dat het goed voelt dat je deze keer niet verliest. Maar ik zelf ben wel ontevreden, omdat ik gewoon hier in Maastricht had willen winnen en ook vind dat we met onze kwaliteiten hier moeten winnen."

Neffens Bergsma hie Cambuur de bettere kânsen. Dat Koen Kostons yn de twadde helte foar iepen goal miste, is er net ferjitten. "Maar die tel ik niet mee. Hij had verteld dat de scheids voor een overtreding op Marco Tol had gefloten als hij er wel in ging. Dus die mag je van mij schrappen."

Léon Bergsma wie freedtejûn tsjin MVV hast in keeper

We fine Cambuur op dit stuit mei fjirtjin punten werom op it tolfde plak. Mar neffens Bergsma sil de ploech de wei omheech wol wer fine. "Ik denk dat als je niet verliest in deze competitie en dit spel door blijft spelen dan komen die overwinningen vanzelf. Dan denk ik dat je weer hele mooie stappen op de ranglijst kan gaan maken."

Uldrikis én Smit

Henk de Jong eksperimintearre freedtejûn mei sawol Uldrikis as Smit yn de basis, wylst syn foargonger Sjors Ultee altyd keas foar ien fan beiden. Beide spilers wienen belutsen by it doelpunt. Uldrikis joech de assist en Smit makke him ôf.

Dochs wit De Jong noch net oft it eksperimint slagge is. "Dat sjoch ik noch wol. We moatte eins wol fuotbalje op it middenfjild. Je sjogge wol nei wa makket goals en dat docht Milan wol natuerlik."

Nije wike snein spilet Cambuur pas wer, dan is FC Grins yn Ljouwert de tsjinstanner. De Jong hat dus goed in wike om nei te tinken, mei it earste punt yn 'e bûse. "It is net sa maklik as we tochten, dat is it net."