Mariska de Vries hat nije nier: "Het gaat supergoed, ik zit alweer in bed!"

Mariska de Vries © Bodil de Jong

Mariska de Vries fan Sint Jabik hat in nije nier. Ferline wike krige se it ferlossende berjocht dat der in donormatch wie. In donor hat him meld nei in soad oproppen fia social media.

Se die yn maaie har ferhaal by Omrop Fryslân. Ek oare media joegen omtinken oan har ferhaal. It waard massaal dield.

Tongersdei is se operearre en it giet goed mei har. "Vandaag ben ik geopereerd. Ik heb een nier mogen ontvangen van een heel lief en bijzonder persoon. Het gaat goed en de nier werkt tot nu toe goed. Alleen moet ik nog een tijdje in het ziekenhuis blijven", stjoert se fia WhatsApp.

Samar nierpasjint

Fan de iene op de oare dei is Mariska swier nierpasjint. Op 24 november 2019 wurdt se net goed. Yn de ambulânse krijt se in medisyn dat ha in hertstilstân jout. Dêrnei folgje ûndersiken mei kontrastfloeistof en dat giet folslein ferkeard.

Har nieren krije in grutte klap. Se funksjonearje noch mar foar njoggen persint. Nierdialyze is foar har gjin opsje, want dat kin it hert net oan.

Syktocht

Binnen har famylje is der gjin geskikte donor te finen en de wachtlist foar in donornier telt hast tûzen minsken. Dêrom hat Mariska in eigen oprop dien foar in libbene donor.

Der sitte foardielen oan in orgaan fan in libbene donor. Dy wurket neffens de transplantaasjestifting better. De keuring fan in donor is hiel strang. Der moat in match wêze mei de ûntfanger en de sûnens fan de donor moat ek goed wêze.

De donor fan de nier wol anonym bliuwe, mar Mariska is hoe dan ek út de skroeven: "Het gaat supergoed! Bloedwaardes zijn een heel stuk beter en ik zit alweer in bed."