Troch brân troffen kleanbank kin yn Akkrum wer helpe: "Wer genôch om fuort te jaan"

De kleanbank hat hjoed in tydlik ûnderkommen © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Foar it earst sûnt in ferneatigjende bran harren gebou folslein ferwoaste, dielt de kleanbank fan stichting In Moaie Dei wer klean út. Se jouwe freed guod fuort fanút in tydlike lokaasje yn Akkrum.

De kleanbank Foar Elkoar Sjop út It Hearrenfean is noch op syk nei in definityf ûnderkommen. Dêrfoar binne se wol ôfhinklik fan de gemeente Hearrenfean mei subsydzjes of fûnsen.

Gearwurking mei in twadde partij kin ek. "Dan kinst de kosten diele. Dan ha wy miskyn wol minder romte, mar kinne wy wol wer los", seit sekretaris Gosse Spiekhout.

Feanster kleanbank dielt wer út

Klean, boartersguod, boeken, dekoraasje, keukenark, meubels: alles gie ferlern yn de fjoersee. Ek de foarried Sinteklaaskadootsjes ferdwûn yn de flammen. Mar de donaasjes fan nij guod streamden nei dy tiid binnen.

Doarpskeamer

Der wie genôch om wer fuort te jaan. "Yn Akkrum sitte ek klanten fan ús, dêrom binne wy bliid dat wy efkes gebrûk meitsje kinne fan de doarpskeamer", fertelt koördinator Gosse Spiekhout.

It gebou stie yn ljochte lôge © BTBfotografie

Nettsjinsteande dat it mar tydlike oplossing is, binne de frijwilligers fan de kleanbank tankber dat se no wer minsken helpe kinne. "Wy hoopje wer dat wy wer in soad minsken bliid meitsje kinne mei fergees guod", seit Spiekman.

"Alles is duurder geworden"

In klant dy't freed mei syn freondinne nei de kleanbank kaam is, ûnderskriuwt hoe wichtich de kleanbank foar de mienskip is. "Dat is heel belangrijk. Alles is duurder geworden. Ik ben heel blij dat we hier weer even terecht kunnen", seit Michael Faber.

Syn freondinne hat krystfersiering yn 'e hannen. "Mensen moeten ook vrolijk zijn, het is vandaag de dag een stuk moeilijker geworden om rond te kunnen komen."

De kleanbank yn de doarpskeamer fan Akkrum © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

"Der ha hjoed in stik as wat fêste, mar ek nije klanten del west", fertelt Spiekhout. Neffens de stichting In Moaie Dei is it wichtich om just no foar minima wat te organisearjen, om't minsken dizze moannen op syk geane nei kado's foar de krystdagen.

It guod dat minsken útsykje kinne, is fergees, al wurdt fêste klanten wol frege in pas sjen te litten fan de kleanbank.

© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Oer de oarsaak fan de brân is yntusken ek mear dúdlik wurden. "Wy hawwe te hearren krigen dat der koartsluting west hat, nei alle gedachten troch fonken by kabels. Dy soene oanfretten wêze troch in stienmurd", leit Spiekman út.