Earste wrâldbekergoud foar Steenbergen | Haad akademy stapt op by Hearrenfean
- Swimster Marrit Steenbergen wint op de World Cup yn Hongarije;
- It haad fan de Akademy fan sc Hearrenfean stapt op;
- De iishockeyers fan de UNIS Flyers winne mei oermacht fan de Bulldogs út Luik.
UNIS Flyers winne mei oermacht yn Luik
De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha mei oermacht de BeNe-League-wedstriid wûn fan de Bulldogs út Luik. It waard 5-1 yn it foardiel fan de Friezen.
Earste wrâldbekergoud foar Steenbergen op 200 meter wikselslach

Swimster Marrit Steenbergen hat in gouden medalje helle by de wrâldbekerwedstriden yn Hongarije. Op de 200 meter wikselslach wie se mei in tiid fan 2:11,33 goed twa sekonden flugger as de nûmer twa, Beata Nelson.
It wie lang spannend. Steenbergen pakte de winst pas yn de lêste 50 meter.
"Het is mijn eerste overwinning in de wereldbeker", seit Steenbergen. "Ik moest lang wachten om er te komen. Ik zag dat ze dichtbij kwamen met de borstslag, en zei tegen mezelf dat ik alles moest geven om te winnen."
Steenbergen hie even earder ek al it brûns ferovere op de 100 meter frije slach, yn in tiid fan 53,39.
Haad akademy sc Hearrenfean stapt op

Haad akademy Marcel van Buuren hâldt fuortendaliks op by sc Hearrenfean. Dat meldt de klup. Van Buuren hat sels oanjûn dat er syn opdracht weromjout. Hy wurke sûnt de simmer fan 2021 by Hearrenfean.
"Deze beslissing van Marcel komt voort uit de gesprekken die gevoerd zijn", seit algemien direkteur Ferry de Haan. "Hieruit bleek dat er te weinig draagvlak was over de te varen koers met de akademy. Uiteraard vinden we het jammer dat het zo gelopen is. We zijn Marcel dankbaar voor zijn inzet in de afgelopen twee jaar en wensen hem veel succes bij het verdere vervolg van zijn carrière."
Hoekstra skoart twa kear

Fuotbalster Tiny Hoekstra fan Rinsumageast hat fan 'e middei twa kear it net witte te finen tsjin Fortuna Sittard. De Friezinne wûn mei Ajax yn Limburch mei 4-0.
Mei har twa doelpunten bringt Hoekstra har kompetysjetotaal dit seizoen op trije goals yn fjouwer wedstriden.
Nederlânske kuorballers winne wer ienfâldich
It Nederlânske kuorbalteam mei Ran en Femke Faber hat ek de twadde wedstriid op it WK kuorbal ienfâldich wûn. Yn Taiwan waard it 39-9 tsjin Slowakije. Femke Faber waard mei sân doelpunten topskoarer by Oranje.
Nederlân wie al pleatst foar de twadde groepsfaze. Dêryn nimme se it op tsjin Tsjechië, Kataloanië en opnij Slowakije.
Hearrenfean sakket fuort op ranglist
De malêze by sc Hearrenfean hâldt oan. Sneon ferlear de ploech fan Kees van Wonderen mei 3-0 fan AZ. De Grykske spits Vangelis Pavlidis makke alle doelpunten.
Hearrenfean stiet no fyftjinde yn de earedivyzje en sit serieus yn de problemen.