Fiskkream yn Stiens mei net allinnich bliuwe, mar wurdt sels in nagelnije fiskkiosk

Fiskhanneler Kasper Kremer krijt in fêst plakje op it sintrumplein yn Stiens. Moast hy in jier lyn noch mei syn mobile kream fuort fan it plein, no komt der sels in fêst gebou. It ûntwerp fan de fiskkiosk is makke troch arsjitekten Sem en Marten Atsma fan Oentsjerk.
Kremer stiet al sechtjin jier mei syn kream op it sintrumplein yn Stiens. Begjin dit jier krige hy noch te hearren dat hy ferhúzje moast nei in oar plein yn it doarp. Dêr wie hy doe min oer te sprekken. Yntusken is de situaasje dus folslein omdraaid.
"Die hele situatie is misschien wel een geluk bij een ongeluk geweest, want daardoor zijn er verschillende zaken in een stroomversnelling geraakt", seit Kremer. "Ik kan de plaatselijke middenstand en de mensen in Stiens met hun handtekeningenactie om mij te houden niet genoeg bedanken."
Foar it ûntwerp fan de kiosk is troch de gemeente Ljouwert in ûntwerpwedstriid útskreaun. Atsma Architecten út Oenstjerk hat it winnende ûntwerp makke, dat likegoed troch de gemeente as Kasper Kremer as moaiste beoardiele waard. En dêr is Sem Atsma tige grutsk op. "Benammen de wurdearring fan Kasper wie foar ús wichtich, dat fine we miskien noch wol it moaist."
Heit en soan meitsje ûntwerp
Sem Atsma makke it ûntwerp foar de fiskkiosk tegearre mei syn heit Marten. Dat komt om't Sem studint is oan de Academie voor Bouwkunst yn Grins, wylst syn heit selsstannich arsjitekt is.

"Dat fûn ik wol hiel leuk. Tegearre mei ús heit in ûntwerp meitsje ha ik in soad fan leard, en miskien hat hy ek wol wat fan my leard", laket Sem. "Dat hoopje ik alteast wol. It kin ek moai yn myn portfolio, dus foar my wie dit wol in hiel spesjale ûnderfining."
"Foar it ûntwerp ha we sjoen nei de histoarje fan Stiens. Eartiids leine der hjir turfskippen yn it wetter, dus we woene wol wat in nautysk karakter jaan oan de kiosk", leit Atsma út. "In soarte fan skip oan de strjitte, mei dêrby eleminten fan de hjoeddeistige fiskkream. Dy hat lûken en as dy iepen klappe, is der iepen, dus dy lûken komme ek werom."
'Trije truien en in kacheltsje'
Meiwurkers fan de fiskhannel fan Kremer kinne yn elts gefal net wachtsje, seit ien fan harren: "Ik sta hier nu in een jas in de kraam en mijn collega heeft drie truien aan. En dan hebben we hier al een klein kacheltje staan. Dus wij kijken wel uit naar het moment dat we straks lekker binnen kunnen staan."
Kremer hopet dat syn fiskkiosk yn Stiens takom jier iepen kin.