Skip leit dwers: Van Harinxmakanaal hiele moarn blokkearre

© CAMJO Media

It Van Harinxmakanaal hat de hiele moarn blokkearre west, troch in skip dat der dwers yn lei. It skip hie motorproblemen.

Oan it begjin fan de middei is it kanaal tusken Ljouwert en Harns wer frijjûn foar skipfeartferkear. It hie doe oerenlang ticht west. Sûnt tsien oere moarns lei der by Deinum in skip dwers yn it wetter.

Oan beide kanten lei it skip tsjin de oever oan.

Skip blokkearret Van Harinxmakanaal

In sleepboat hat it frachtskip fan goed 85 meter lang wer op koers brocht.