Eask: 24 en 18 moanne sel foar Friezen fanwege seksueel útrûpeljen jonge froulju

© Shutterstock

It Iepenbier Ministearje easket 24 moannen selstraf tsjin in 34-jierrige man út Sint-Anne dy't derfan fertocht wurdt fiif bûtenlânske froulju seksueel útrûpele te hawwen. Syn twa jier âldere eks-frou hearde in eask fan 18 moanne sel.

By beide easken jildt dat in heal jier fan de straf op betingst is en dat it foararrest ôflutsen wurdt.

De twa, dy't doe noch byinoar wennen, soene de froulju op ferskate plakken yn Fryslân en België oan it wurk set hawwe. Dit barde yn de perioade fan desimber 2020 oant novimber 2021. Doe makke de plysje in ein oan de praktiken.

It jild dat de man en frou dêrmei fertsjinnen, soene se wytwosken hawwe en brûkt foar ûnder oare bûtenlânske reizen nei Italië en Egypte.

Roemenië en Kolombia

It giet om minstens fiif slachtoffers, út ûnder mear Roemenië en Kolombia. Sy moasten ûnder twang oan it wurk op adressen yn Ljouwert, Burgum, Snits en Boalsert. De froulju hiene dêrby net folle frijheid.

Om klanten te krijen, waarden pikante foto's makke fan de froulju. Dy waarden brûkt foar advertinsjes op ynternet. De fertochten namen de telefoan oan, makken in ôfspraan, regelen in wurkplak en hellen twa kear yn 'e wike de fertsjinsten op.

75.000 euro

De froulju moasten de helte fan de fertsjinsten ôfstean. It jild dat se hâlde mochten brûkten se foar it ûnderhâlden fan harren húshâlding. Neffens in rekkensom fan de offisier fan justysje soene de fertochten likegoed 75.000 euro fertsjinne hawwe 'oer de rêch' fan de kwetsbere froulju.

Fan de fiif froulju hawwe der mar twa oanjefte dien by de plysje. Neffens advokaat Annet Koopsen fan it Kolombiaanske slachtoffer is de drompel foar de froulju om dit te dwaan heech, omdat se faak yllegaal yn Nederlân oan it wurk binne. Koopsen easke út namme fan har kliïnt 18.000 euro skeafergoeding fan de twa fertochten.

Traumatisearre

De Kolombiaanske is neffens har advokaat sa bot traumatisearre troch de perioade fan twongen prostitúsje yn Fryslân dat se der eins net oer prate kin. De strafeask hie fan Koopsen dêrom wol wat heger wêze mocht.

De advokaat fan de froulike fertochte pleitte foar in legere selstraf. Neffens har hie de manlike fertochte de lieding en it inisjatyf yn de saak en soe har kliïnt in ûndergeskikte rol hân hawwe.

Boppedat soe har kliïnt har wente kwytreitsje kinne as se wer werom moatte soe nei de finzenis. In straf fan 12 moanne selstraf, wêrfan 6 moanne op betingst, soe de advokaat yn it gefal fan har kliïnt ridlik fine.

50/50-ferdieling 'niet oneerlijk'

Neffens de advokaat fan de manlike fertochte soe der gjin sprake west hawwe fan 'seksuele útrûpeling'. Hy fynt it net terjochte om de man wer werom te stjoeren nei de finzenis. Neffens him kin net by eltse beneidielde frou oantoand wurde dat de seksuele tsjinsten net frijwillich wiene.

Hy fynt de 50/50-ferdieling fan de fertsjinsten 'net ûnearlik', want de fertochte makke ek kosten om de froulju oan it wurk te hâlden. Neffens de advokaat wiene de bûtenlânske froulju minder ûnfrij en kwetsber as de offisier fan justysje oanjout.

De froulju wiene neffens him frij om te gean en te stean wêr't se woene. De froulju hiene fuortgean kinnen en syn telefoannûmer blokkeare. Boppedat soe ien fan de froulju nei it fuortgean út Fryslân op oare plakken trochgien wêze mei it wurk.

Neffens de advokaat wiene de Súd-Amearikaanske froulju fral benaud foar de plysje omdat se yllegaal yn Nederlân wiene, en net foar de Fryske fertochte. Ien fan de froulju soe him sels oansprutsen hawwe mei it wurd 'amor'.

Neffens wiidweidich whatsapp-ferkear tusken de fertochte en de bûtenlânske froulju hiene de froulju de frijheid om klanten te wegerjen en soe de man út Sint Anne dat gjin probleem fûn hawwe.