Ald en nij sûnder oaljekoeken yn Dantumadiel? Gemeente wrakselet mei ferkeap op snein

© RTV NOF

Meie je in oaljekoek (fer)keapje op snein? Dat is de fraach dêr't de gemeente Dantumadiel him oer bûcht. Aldjiersdei falt dit jier op in snein en gewoanwei giet der yn de gemeente op snein neat oer de toanbank.

Gerard Mollema ferkeapet normaal altyd oaljekoeken op it parkearterrein fan it túnsintrum yn De Westereen. Ek op 31 desimber wol hy dat graach dwaan. "Dat is wol dé dei datst iepen moatst."

As Dantumadiel net meiwurkje wol, giet Mollema nei in oare gemeente. "Ik ha yn Kollum ek in fergunning. Dêr kin ik âldjiersdei yn alle gefallen wol iepen. Mar dan moat ik wol de wein nachts ferhúzje, en it is dan al sa drok."

It is no oan de gemeente om te bepalen oft sy in ûntheffing ferliene sille foar de ferkeap fan de fette baksels. De oanfraach foar in ûntheffing is noch yn behanneling.