Fryske maratontoppers Visser en Groenewoud hoopje op nij suksesseizoen

Harm Visser en Marijke Groenewoud hearre by de absolute topfavoriten as it nije maratonseizoen wer los giet. Wy sjogge mei harren foarút no't sneon de earste wedstriid yn Grins fan start giet.
De 22-jierrige Harm Visser fan De Westereen is de bêste maratonrider fan ferline seizoen. De kopman fan Jumbo-Visma wûn it einklassemint fan de Marathon Cup.
Marijke Groenewoud komt fan oarsprong út de maraton, mar kombinearret dy dissipline mei it langebaanriden. De 24-jierrige Hallumse waard ôfrûne seizoen tredde by har debút op it EK Allround en prolongearre har wrâldtitel op de massastart. By de Marathon Cup wûn se twa kear en waard se fjouwer kear twadde.
Mei it twatal sjogge we foarút op it nije maratonseizoen.
Wat meie wy dit seizoen fan jimme ferwachtsje?
"Ik wol noch wer hurder ride as foarich seizoen en mear wedstriden winne", seit Visser.
"Wy (Albert Heijn-Zaanlander) binne fansels wol de ploech dêr't elkenien nei sjocht", fertelt Groenwoud. "Mar as ik my pleats foar de wrâldbekerwedstriden, sil ik net by in hiel soad maratonwedstriden oan 'e start ferskine."

Visser: "It moaie fan maraton is dat it hiel ûnfoarsisber is. Je kinne yn it foar net sizze dat je tsien fan de fyftjin wedstriden winne. Je moatte ek yn de posysje komme om wedstriden te winnen. Je moatte net allinnich goed wêze, de oaren moatte it dy ek gunne."
Wat wurdt it haaddoel?
"Der binne meardere moaie wedstriden, lykas de maraton op 'e Weissensee en de massastart by it NK ôfstannen", seit Visser.
At ik fierder neat win, mar ik wurd wol Nederlânsk kampioen, dan is it seizoen slagge.
"Mar de aldermoaiste wedstriid om te winnen, is dochs it NK yn jannewaris", giet Visser fierder. "At ik fierder neat win, mar ik wurd wol Nederlânsk kampioen, dan is it seizoen slagge."
Groenewoud: "It langebaanriden stiet by my op it earste plak, dat giet foar de maraton. By Jillert (Anema, red.) krij ik de mooglikheid om beiden sa lang mooglik te kombinearjen. By it langebaanriden is it WK en it EK it belangrykst. By de maraton is it NK de wichtichste wedstriid."
Wa is dyn grutste konkurrint?
Visser: "Ik tink Bart en Bart. Bart Hoolwerf is benammen de lêste 200 meter hiel sterk en de Belch Bart Swings hat oankundige dat hy mear maratons ride wol. Hy is ek hiel rap yn de einsprint, dus dat wurdt in moaie striid."

"Dat is Esther Kiel fan BDM/BTZ", seit Groenewoud. "Sy hat ferline jier ek sjen litten dat se hiel rap is op de lêste meters. Dochs tink ik dat ik rapper bin."