Brandarisrace foar histoaryske sylfloat giet net troch fanwegen minne waar

© Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De Brandarisrace foar skippen fan de historyske sylfloat giet dit wykein net troch. Mei tachtich dielnimmers soe it ien fan de grutste wedstriden wêze foar de brûne float, mar op basis fan de waarsfoarsizzingen is besletten it net trochgean te litten.

De start soe sneon yn Harns wêze. Sjoen de ûngelokken dy't der de lêste tiid west ha yn de float, wiene der al twifels. Guon skippers ha no al sein dat se net meidogge oan de wedstriid, omdat se it risiko te grut fine.

In wike lyn bruts de mêst fan in skip út Harns, by in wedstriid op de Iselmar. Oare skippen hiene ek skea.

In skip mei brutsen mêst op de Iselmar © Siem Looijen

By in kontrôle op de Waadsee stelde de plysje meardere oertrêdingen fêst. En de Onderzoeksraad voor Veiligheid konstatearre koartlyn dat de brûne float net oantoanber feiliger wurden is, nei twa dealike ûngelokken foarich jier.

De belange-organisaasje foar de skippers yn de brûne float, de BBZ, hie de wedstriidlieding fan de Brandarisrace al oproppen om maatregels te nimmen om it risiko op ûngelokken lytser te meitsjen.

Maatregels

De wedstriidlieding hie bepaald dat de race net trochgean soe as it hurder waait as wynkrêft seis. "Veiligheid voor snelheid!", stiet mei dikke letters te lêzen op de webside fan de Brandarisrace.