Skylge stiet stil by deadlik ûngelok mei wettertaksy: "It is de swartste dei yn de skiednis fan ús bedriuw"

In gewoane wurkdei waard yn ien klap inketswart, doe't op de betide moarn de rappe boat Tiger en wettertaksy de Stormloper tsjin mekoar oan botsten, op de Waadsee by Skylge. Fjouwer minsken kamen dêrby om it libben.
Ien jier letter is it lichem fan in 12-jierrige jonge noch altyd net fûn. "It is de swartste dei yn de skiednis fan ús bedriuw", seit Dirk Spoor, algemien direkteur fan Rederij Doeksen. De ympakt fan it drama is noch dúdlik fielber.
Konfrontaasje mei it ûngelok
De streaming, de weagen en it tij: de Waadsee konfrontearret minsken mei it boatûngelok by Skylge. De meiwurkers fan Rederij Doeksen sitte in soad op it wetter; der giet dan ek gjin dei foarby dat der net oer it ûngelok praat wurdt.

"It rekket de meiwurkers bot dat der minsken ferstoarn en ferwûne rekke binne troch it ûngelok, en dat it 12-jierrige jonkje noch hieltyd fermist is", seit Spoor.
Neffens him spilet mei dat eltsenien elkoar ken. "Minsken komme belutsenen by de rêdingsoperaasje tsjin en dan libbet it wer op." Dêrneist rint it ûndersyk fan de Onderzoeksraad noch en leit der in ferfolging fan it Iepenbier Ministearje. As ien fan de belutsen partijen by it ûngelok, is Rederij Doeksen ek op dy wize ferbûn mei de situaasje.
Hurde klap nei tsien minuten
Om goed 7 oere op freedtemoarn 21 oktober 2022 fart de Tiger fan Rederij Doeksen út de haven fan Skylge. De rappe boat giet troch it Skûtegat, de geul dy't koarter is as de haadfarrûte fia de Slenk. Sa'n tsien minuten en in pear kilometer fierder folget in hurde klap. De fearboat komt yn botsing mei de wettertaksy dy't fan de oare kant komt.
Opfarrenden fan de wettertaksy bedarje yn it wetter. Op de boat sieten acht opfarrenden, wêrûnder trije wurknimmers fan it Snitser boubedriuw Friso en trije ûnderoannimmers. Ien fan de manlju hie syn soantsje fan tolve jier meinaam. De helptsjinsten komme manmachtich yn aksje. Skip Skua fan rederij Noordgat is as earste te plak.

De rêdingsteams treffe op see in heal ûnder wetter driuwend wrak oan. Net lang dêrnei sinkt de wettertaksy. By it ûngelok komme fjouwer minsken om it libben, it lichem fan de jonge wurdt noch fermist. In oantal minsken rekket swierferwûne, wêrûnder de skipper.
Snelheid
Hoe't it ûngelok barre koe, is noch ûndúdlik. Ut gegevens fan Marinetraffic, in platfoarm dat de posysje fan skippen folget, hiene likegoed de fearboat fan Doeksen as de wettertaksy te hurd fearn.
Oft dat kloppet mei de werklikheid, moat noch bliken dwaan. De fearboat soe 55 kilometer de oere en de wettertaksy 28 kilometer de oere fearn hawwe dy freedtemoarn. Rijkswaterstaat stelt dat yn it Skûtegat in maksimale farfaasje fan 20 kilometer yn it oere jildt foar eltsenien, dei en nacht.

Neffens Spoor spylje der lykwols mear aspekten mei as allinnich de maksimaal tastiene snelheid. Hy seit dat de snelheid fan skippen yn it Skûtegat foar it ûngelok "nea in issue wie, ek net by de farweibehearder".
It is ûndúdlik oft it Skûtegat sjoen wurdt as in farboatrûte, dat is in rûte dêr't gjin maksimale snelheid jildt.
Wat is in fearboatrûte?
Neffens Spoor is der yn de wetjouwing gjin dúdlike definysje jûn fan in farboatrûte en is it dus mar de fraach oft maksimaal 20 kilometer yn it oere foar it Skûtegat opgiet.
"Wy tinke dat it sa hurd net yn de regeljouwing stiet. Mar om't it ûndersyk rint en we respekt ha foar de neibesteanden en Rijkswaterstaat, hâlde wy ús dêroan."

Spoor hopet dat der yn de ûndersiken each is foar de wetjouwing. "Der is wol deeglik ûndúdlikheid oer ferskate punten en it is wichtich dat de ûndúdlikheden fuortnaam wurde. Dat jildt foar wettertaksys ek, dêr bestiet ek ûndúdlikheid oer regeljouwing. En ûndúdlikheid is nea goed."
Ut respekt foar de neibesteanden hat de rederij foarearst besletten om net mear yn it tsjuster te farren mei wettertaksy Ms Zeehond; ek net stadich, al is dat wol tastien.
De Onderzoeksraad voor Veiligheid (OvV) lit op 18 oktober witte dat de belutsen partijen de earste ferzje fan it rapport ynsjoen ha en dêrop oanjaan kinne oft sy feitlike ûnwierheden tsjinkaam binne.
"Daarmee is de inzagefase voor het onderzoek afgerond. De OvV verwerkt op dit moment de ontvangen commentaren op het conceptrapport. De Raad stelt het eindrapport vervolgens vast. Daarna kan het eindrapport gepubliceerd worden", skriuwt de ried op har webside.
It Iepenbier Ministearje ferfolget de kapiteins fan de rappe fearboat en de wettertaksy. It IM ferwyt de beide skippers dat sy te hurd fearn hawwe en net goed kommunisearren.
Sy wurde ferfolge foar dea troch skuld en it tabringen fan swier lichaamlik letsel. It is noch net bekend wannear't de rjochtbank yn Ljouwert dizze saak behannelje sil.
Hokker feilichheidslessen kinne leard wurde?
De OvV is fuort nei it ûngelok úteinset mei in ûndersyk nei de tadracht fan de oanfarring. Tagelyk wurdt der sjoen hokker feilichheidslessen lutsen wurde kinne út it ûngelok op de Waadsee. Wannear't it rapport publisearre wurde sil, is net bekend.
"Oan de iene kant wolle je dat soks net te lang duorret, mar it is ek goed dat it net te fluch giet. We fine it wichtich dat it goed en soarchfoldich bart. En dat de OvV it docht, want dat is in ynstânsje dy't sûnder belang objektyf nei de situaasje sjocht, en mei konklúzjes en oanbefellings komt wêr de regio en de brûkers fierder mei kinne", seit Spoor.

De gemeente Skylge wol gjin reaksje jaan op de situaasje in jier letter en de ympakt fan it ûngelok op de eilânbewenners. Oare belutsen partijen, neibesteanden en slachtoffers ha gjin ferlet om harren ferhalen te dielen, mei om't it ûndersyk noch rint.
Op sneon 21 oktober is der in besletten betinking op Skylge foar de slachtoffers en de neibesteanden fan it ûngelok.