Gigantyske dobber út Starum klear om yn Amsterdam te pronkjen

© Omrop Fryslân, Remco de Vries

Yn Starum is tongersdei mei kraanauto's in grutte dobber yn elkoar set. No ja, dobber: it is eins in keunstwurk fan 33 meter dat aanst yn de Amsterdamske houthaven stiet te pronkjen.

Earst waard de ûnderkant fan de dobber yn it wetter litten. De mêst mei bewege yn de wyn, mar net te folle. Dêrom sit hjir in grouwe laach beton yn. It hjit de 'Zenmast'. Mar oft de betinker derfan by dit alles noch wat rêstich bliuwe kin...

"Ik ben de hele week zenuwachtig geweest", seit keunstner Jeroen Doorenweerd út Tilburg. Mar alles is trochberekkene en giet goed. Mar it bliuwt it nuver gesicht en eins tinke je dat soks net stean bliuwe kin.

Gigantyske Starumer dobber yn elkoar set

Mêstemakker Piet Blaauw is der hieltyd by. En dat is ek net sa frjemd: "Der sitte fiif moannen wurk yn. We binne wol wat grutsk."

Uteinlik driuwt alles te plak en de top fan de mêst beweecht sichtber mei de wynpûsten mei. Krekt lykas Doorenweerd it betocht hat.