Hoefolle hat Ljouwert leard fan dramatyske brân op de Kelders? "It ûnthâld is koart"

10 jier letter is fan de brân, op in betinkstien nei, neat mear te sjen. © Omrop Fryslân

Eigeners fan studintehuzen en studinten ha kwealik noch oandacht foar brânfeiligens en -previnsje. Dat is de pynlike konklúzje dy't ynspekteur Geert van der Velde en brânwacht Richard Bouma lûke, tsien jier nei't by in brân yn it sintrum fan Ljouwert in 24-jierrige man om it libben kaam.

"Se binne der net mear mei dwaande", seit Van der Velde, dy't foar de gemeente Ljouwert de kontrôles op brânfeiligens koördinearret. "We kontrolearje tritich fan sokke gebouwen dêr't boppe winkels wenne wurdt op jierbasis. Net allinnich yn Ljouwert, mar ek yn de omlizzende doarpen."

Kwealik previnsje

Ut ûndersyk fan de ynspeksjetsjinst Veiligheid en Justitie die tsien jier lyn bliken dat der yn gebouwen mei winkels ûnder en bewenning boppe, kwealik oan brânprevinsje dien waard.

As gefolch fan dat ûndersyk krigen gemeenten it driuwende advys ta in hanthaveningsbelied te kommen en eigeners fan pannen oan te sprekken op harren ferantwurdlikheid.

Hoefolle hat Ljouwert leard fan dramatyske brân?

Oanlieding foar de opskerping fan it belied wie in dramatysk barren yn Ljouwert op 19 oktober 2013. Yn in winkel op de Kelders, yn it sintrum fan de stêd, bruts dy sneontemiddei brân út. Oarsaak wie in kachel dy't sa hjit waard, dat klean dy tichtby leine yn de brân fleagen.

Omdat der hast gjin brânkearende maatregels wienen, griep it fjoer rap om him hinne.

In byld fan Mata Hari foar de Kelders © Omrop Fryslân

By de brân kaam de 24-jierrige studint Idsart Otte om it libben. Hy siet yn in keamer oan de efterside en koe net ûntsnappe. Fanwegen de ekstreme reekûntwikkeling kaam er troch ferstikking om it libben.

De brân ûntstie yn in winkel oan de Kelders © Omrop Fryslân

Yntusken beskikt de gemeente Ljouwert oer tolve ynspekteurs, dy't harren dwaande hâlde mei brânfeiligens en kontrôles. Se rjochtsje har op nijbou, besteande bou, studintehuzen en winkelpannen wêrfan't de boppeste etaazjes as wenning brûkt wurde.

"Oandacht is fuort"

By de kontrôles wurdt sjoen oft it gebou foldocht oan alle easken, leit Van der Velde út. "Wat wy tsjinkomme, is dat brânskiedingen net brânkearend ôfwurke binne. Dat ha je hiel faak by sokke âlde pannen. By ferbou is der wol omtinken foar, want der is faak in fergunning nedich, krekt as by nijbou. Somtiden ûntbrekke reekmelders, wylst se sûnt twa jier ferplichte binne."

Dat fernimt ek de brânwacht, seit Richard Bouma. "De studinten fan no sieten doe op de basisskoalle. Dy ha der neat fan meikrigen. De oandacht foar brânfeiligens en -previnsje is by harren seker fuort."

De brân oan de Kelders, hjoed tsien jier lyn © Omrop Fryslân

De brânwacht besiket dêr fan alles oan te dwaan. Elk jier jouwe se foarljochting by de yntroduksjewike en dêrneist is der fia in mienskiplik oerlis fan de gemeente kontakt mei studinteferieningen. "Je sjogge dat de attinsjewearde ôfnimt. It kollektyf ûnthâld is koart", seit Van der Velde.

Tsjek op reekmelders, brânblusser en fornús

Yn Ljouwert binne 220 offisjele studintehuzen. Ien kear yn de fjouwer jier wurde dy kontrolearre. Der wurdt dan sjoen nei de reekmelders, hoe't it fornús oansletten is, mar ek oft de brânblusser noch goed is en oft studinten frij flechtsje kinne as der brân is.

Van der Velde: "Je kinne sizze dat it der better foar stiet. Mei de ynspekteurs, de eigeners en de brûkers fan de pannen is alles opwurdearre."

De dei nei de brân wie dúdlik hoe grut de skea wie © Omrop Fryslân

Dochs wol Van der Velde in kanttekening pleatse. "We sjogge net alles, it is nea 100 prosint feilich." Hy doelt ek op keamerferhierpannen dy't net bekend binne by de gemeente. "Der binne ek huzen dêr't bygelyks trije studinten wenje. Dy wurde net kontrolearre as se net bekend binne."

Reekmelders fuort

Guon helje ek reekmelders fuort of plakke dy ôf. "Minsken wolle ek wolris oare dingen dwaan op harren keamer. Of as de melders stikken binne, melde se it net by de eigener. Elkenien tinkt altyd dat dy eigener ferantwurdlik is, mar hierders kinne sels ek in reekmelder keapje."

Se binne der net mear mei dwaande.
Geert van der Velde, gemeente Ljouwert

Van der Velde sjocht wol dat de oandacht foar brânfeiligens by pâneigeners minder wurdt: "We organisearje mei de brânwacht wolris ynformaasjejûnen. De opkomst is net heech. Se binne der net mear mei dwaande."

Studinten jouwe dat ek ta. "Om eerlijk te zijn: niet echt", seit Kimberly Rooske. "Ik denk er niet echt over na. Ik pas wel op bij het koken, dat ik bijvoorbeeld denk om het vuurtje. Ik ben pas bezig met rookmelders als ze afgaan. Maar dat de batterij bijna leeg is, niet echt."

Het is niet het eerste waar je aan denkt als je eindelijk een kamer hebt.
Imke Santing

Húsgenoate Imke Santing hat in stekkerdoaze op de ferwaarming lizzen. "Ja, ik weet het. Die staat nu nog uit. Ik weet dat het niet kan en mijn moeder heeft het ook al gezegd." Ek foar har is it gjin tema: "Het is niet het eerste waar je aan denkt als je eindelijk een kamer hebt."

Sels wennet se yn in hûs dêr't alles goed foarinoar is. "Ik weet wat de vluchtroute is en denk dat ik snel beneden ben in het geval van brand."

De Poststraat, oan de achterside fan de Kelders: hjir wenne Idsart Otte © Omrop Fryslân

Der is ek in grutte eigen ferantwurdlikens, fynt Richard Bouma fan de brânwacht. Studinten dy't de saak net fertrouwe, kinne de húsbaas oansprekke. As dy net lústeret, kinne se kontakt opnimme mei de gemeente.

Mar it begjint neffens Bouma altyd mei eigen ferantwurdlikheid. "In reekmelder kinne je hast oeral wol krije. Skaf se gewoan oan. Dan hast it reedlik goed foar inoar, seker as se ynskeakele binne."