Nije flechtlinge-opfang Snits komt mooglik by Harinxmapark, mar tsjinstanners binne lilk

De nije opfang foar flechtlingen yn Snits komt mooglik by it Harinxmapark. Dat hat de gemeente tongersdei bekend makke. De omwenners binne lykwols net bliid mei de plannen.
De gemeente wol op de râne fan de rûnwei in nije opfang foar asylsikers delsette. Dy plannen lizze der om't it besteande azc yn de Noarderhoek ticht moat. Yn 2026 moat de opfang foar 450 flechtlingen iepene wurde.
'De plannen stekke'
Tsjinstanners binne it der net mei iens. "Wij vinden de plannen van de gemeente niet eerlijk", seit omwenner Giorgio Melis. Hy komt sels út it bûtenlân en seit neat tsjin flechtlingen te hawwen.
Dochs stekke de plannen bot. "Ik ben zelf makelaar en wij krijgen alle dagen de schrijnende gevolgen van de woningnood te horen. Dat betekent dat gemeentes zelf al niet voor hun eigen inwoners kunnen zorgen. Ik vraag me dan af waarom ze dan wel voor het bouwen van een opvanglocatie op de rand van Sneek kiezen."
De grûn by de rûnwei is fan de gemeente sels. Der wiene earst twa lokaasjes oanwiisd yn it Harinxmaland. De gemeente kiest úteinlik foar it plak by it bosk. "We zien gewoon dat er onrust is in de wereld", seit wethâlder Michiel Rietman.
"De vraag naar opvang neemt toe en wij raken straks een locatie kwijt. We hebben echt alle opties onderzocht, maar we zien gewoon dat deze de beste is. Er zijn veel voorzieningen zoals een supermarkt."
Njonken dat fynt de gemeente it wichtich dat de opfang yn deselfde lokaasje bliuwt. "De vrijwilligers die we hebben voor het huidige azc blijven dan ook eerder. We maken gebruik van de bestaande netwerken."
Petysje
De omwenners sizze net troch de gemeente heard te wurden. De gemeente seit lykwols dat sy ferskate ynrinjûnen holden ha om nei de minsken te lústerjen.
De tsjinstanners ha in petysje opsteld dy't yntusken sa'n 900 kear ûndertekene is. "Dat lit sjen dat der in grutte groep is dy't it der net mei iens is", seit tsjinstanner Petra van der Meer. "Wy fine ek dat de gemeente net goed kommunisearret en wy krije it altyd nei de tiid te hearren."
In regionale opfanglokaasje (rol) is in opfanglokaasje bedoeld foar statushâlders en asylsikers dy't kâns meitsje op in ferbliuwsfergunning. De rol is ferbûn oan meardere gemeenten yn de regio, sa leit it COA út op de eigen webside. Yn dy gemeenten krije de statushâlders úteinlik in wenning.
Op it stik grûn, tusken Skearnegoutum en Ysbrechtum, sille ek wenten boud wurde foar statushâlders. It giet om 50 wenten. Yn totaal moat dat romte biede oan 450 flechtlingen en statushâlders.
Noch net definityf
It beslút fan de gemeente is noch net definityf. Yn novimber praat de gemeenteried oer de nije opfang. Dan kinne minsken ynsprekke en harren uterje. De tsjinstanners sizze dat ek te dwaan.