Kollumer halloweenevenemint feroaret namme fanwegen assosjaasje mei konflikt Israel-Hamas

Gjin 'Town of Terror' mear © RTV NOF

It halloweenevenemint dat takom wike yn Kollum holden wurdt, hat op it lêste momint in oare namme krigen: it is net mear 'Town of Terror', mar 'Town of Halloween'. Mei de oarloch tusken Israel en Hamas fûnen ynwenners de earste namme net passend.

It wurd 'terror' soe assosjearre wurde kinne mei terreuroanfallen. Mei de spanningen dy't de foarfallen yn Israel en Palestina feroarsaakje, fûn de organisaasje it net ferstannich om de namme 'Town of Terror' oan te hâlden.

"Wy wolle net dat ús namme gefoelich leit en minsken tsjin it boarst stjit", seit Renske Beets fan de organisaasje.

Foar it evenemint hat it lykwols wol gefolgen. It promoasjemateriaal, mei de âlde namme, wie de doar al út. Oeral dêr't it mooglik wie, is de namme ôfplakt. In ûndernimmer hat bygelyks in sticker mei it wurd 'halloween' op de oarspronklike poster plakt.