Brouwerijen komme yn ferset tsjin priisferheging fan spesjaalbier

Spesjaalbier wurdt mooglik djoerder © ANP

Foar elkenien dy't graach in spesjaalbierke doppet, hat it demisjonêr kabinet min nijs: fan 1 jannewaris ôf wol it de drank 20 sint djoerder meitsje. Brouwers binne benaud foar harren takomst en starte in petysje.

Ek Frans Filius fan bierbrouwer Grutte Pier yn Ljouwert sette syn hantekening. Krekt as in soad kollega's is er lilk oer it plan. "We betelje no aksynzen oer it potinsjele alkoholpersintaazje. Dêr wolle se yn Den Haag fan ôf", leit er út.

Dêrtroch sit der likefolle aksyns op in fleske pils fan 5 persint as op in trippelbierke fan 8. Aanst feroaret dat faaks, en groeit de hichte fan de aksynzen mei mei it alkoholpersintaazje.

Striid tsjin alkoholisme

It idee derachter: it bestriden fan alkoholisme en bewustwurding kreëarje. "Mar wat fergetten wurdt, is dat je fan spesjaalbier minder drinke. Dêrom is it nuver dat se net oan de priis fan in pilske komme, mar wol oan dy fan in stevige stout of trippel."

Filius makket him soargen om de takomst fan brouwerijen. "Ik tink dat der lytsere brouwerijen yn Fryslân fallyt gean sille." Want hoe kinne sy de bierkes betelber hâlde, freget er him ôf.

Wêr besunigje?

"Je kinne besunigje op de yngrediïnten. Of minder útjaan oan it proses. Beide maatregels sille lykwols te'n koste gean fan de smaak fan it bier. Mar ik wit it oars ek net..."

De petysje tsjin de aksynsstiging is yntusken 80.000 kear ûndertekene en tiisdei oanbean oan de Twadde Keamer.