HEA! Bingo mei Curvalicious Diamond
HEA! Curva's Bingo
De bingomasine draait op folle toeren en de dielnimmers laitsje wat ôf. It is in fleurige boel op de bingojûn yn Grou dy't presintearre wurdt troch dragqueen Curvalicious Diamond.
Yn it deistich libben is Curvalicious Diamond Wietze Hoekstra fan De Triemen. Mei syn performance is hy sa stadichoan in bekendheid wurden, ek troch syn útspraak "Hurde wyn, jasses'. Dy is no sels op in tegeltsje te keap.
Wietze hat fan syn shows no syn wurk meitsje kind, en dêr hat hy it drok mei.