Hoe kin it dochs dat protters net tsjinelkoar oan fleane?

© Erik Hijweege

It is in bysûnder natuerfenomeen: yn de loft in grutte swarte wolk, foarme troch in enoarme kloft protters. Mar yn stee fan gaos, fleane de fûgels elkoar nea yn de fearren. Hoe kin dat?

No't de hjerst op 'e doar kloppet, litte de protters har manmachtich sjen. Op nei waarmere oarden. Soms foarmje de protters in enoarm en boartlik gehiel. Dêrby wike se op it each gjin sintimeter fan inoar ôf.

Allegearre deselde snelheid

Dizze 'protterdûns' ropt faak fragen op. Bygelyks hoe't it kin dat de fûgels op ôfstân fan elkoar bliuwe, en wêrom't de fûgels ynienen massaal fan rjochting feroarje. Charlotte Hemelrijk, pensjonearre heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins, die dêr ûndersyk nei.

Omdat ze snel kunnen reageren, wijzigen ze meteen van richting als ze een andere vogel zien bewegen.
Charlotte Hemelrijk, âld-heechlearaar fan de RUG

Hemelrijk fertelt dat yn swaarmen it tal protters tusken de 20.000 en 30.000 leit. En dat de fûgels binnen in swaarm mei deselde snelheid fleane. Om de 36 kilometer de oere hinne. "Dat voorkomt voor een groot gedeelte dat er botsingen ontstaan. Net als dat auto's op dezelfde rijbaan niet tegen elkaar knallen, als ze allemaal 120 rijden."

Dêr komt by dat lytsere bisten, lykas fûgels, gau reagearje. "Veel vlugger dan wij. Zodoende wijzigen ze meteen van richting als ze een andere vogel zien bewegen."

In protter © ANP

Ut ûndersyk docht bliken dat in protter him oanpast oan de rjochting fan sa'n sân protters om him hinne: de buorlju. Dat soarget yn de groep foar in soarte fan domino-effekt: as de iene protter nei links hinget, slacht dat oer op de rest. Dêrby binne der gjin lieders dy't de koers bepale.

Optysk bedroch

Fan in ôfstân liket it dat de fûgels ien grut swart gehiel foarmje. As sit der amper romte tusken de iene protter en de oare. Optysk bedroch, seit Hemelrijk. "De afstand tussen de spreeuwen is gemiddeld ongeveer een meter. Maar dat lijkt anders als ze afslaan. Op het moment van kantelen, krijg je een groter vleugeloppervlak te zien. Vandaar dat grote zwarte vlak."

Yn it Natuermuseum Fryslân hingje de muorren fol mei protters. Erik Hijweege hat de fûgels fêstlein mei ferskate foto's, dy't mei-inoar in útstalling foarmje mei de titel 'Spreeuwendans/Protterdûns'.

De tentoanstelling is op 30 septimber iepene en duorret oant 7 jannewaris 2024.

Oerdei libje protters yn lytsere groepen. Op syk nei iten. Jûns komme se byinoar en foarmje se wer in grutte groep. As de fûgels in plakje tsjinkomme dêr't se oernachtsje kinne, faak in grutte beam, sirkelje se dêr in skoftke boppe en sykje dan in gaadlik plakje.

In Noardske falk falt protters oan © ANP

As de fûgels yn de loft harren 'dûns' sjen litte, is der faak in rôffûgel yn it spul. Meastal in Noardske falk. "Als die aanvalt, reageert de zwerm. Dat zorgt voor de bijzondere vormen in de lucht. De zwerm splitst zich op of vormt bijvoorbeeld een 'trechter' of 'zandloper' in de lucht."