Rykswettersteat pleatst 1.450 'trekankers' om Prinses Margriettunnel teplak te hâlden

© Omrop Fryslân

Ein juny is Rykswettersteat begûn mei reparaasjewurksumheden oan de Prinses Margriettunnel yn de A7 tusken Snits en De Jouwer. Dêrfoar wurde der 1.450 saneamde 'trekankers' pleatst. De hiele operaasje kostet tsientallen miljoenen euro's.

De werstelmetoade dy't Rykswettersteat keazen hie, moast oanpast wurde, om't der tefolle wetterdruk op in part fan de tunnel kaam te stean. Dêrtroch kaam der dochs wer in part fan de tunnel omheech. Op guon plakken wurdt no tydlik de grûnwetterstân ferlege.

Rykswettersteat is drok dwaande mei it ferankerjen fan de Prinses Margriettunnel

Dat wie earst net de bedoeling. Troch de nije manier fan wurkjen is it de fraach oft it noch slagget om de tunnel ein 2024 wer hielendal te iepenjen.

Wy sette alles op alles om de tunnel ein 2024 klear te hawwen, mar it mei dúdlik wêze dat dat in hiele grutte útdaging wêze sil.
Wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat

"Dat wurdt noch in hiele toer, mar is wol ús stribjen", seit wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat dêroer. "Wy sette ek alles op alles om dy datum te heljen, mar it mei dúdlik wêze dat dat in hiele grutte útdaging is."

Konstruksjeflater

Troch in konstruksjeflater moast de tunnel yn desimber yn sân haasten ticht, omdat ien fan de fjirtich tunnelmoaten omheech kaam. Uteinlik die bliken dat dat kaam troch druk fan it grûnwetter, om't der ferskate trekankers ôfbrutsen wiene. Yn totaal gie it om 20 persint fan alle ankers.

In tiidline fan de wurksumheden oan de Prinses Margriettunnel © Omrop Fryslân

De âlde ankers bliuwe yn 'e grûn sitten. Om de flier fan de tunnel stevich te ferankerjen, wurde de nije trekankers pleatst.

Ien grut swimbad

"Wy boarje earst in gat yn 'e grûn. Dêr brûke we in spesjaal systeem foar mei slûskes", leit Van der Meer út. "Brûke we dat net, dan spuit it wetter hjir tolve meter de loft yn. Dan wurdt it hjir ien grut swimbad yn 'e tunnel, want wy wurkje tsjin de wetterdruk yn."

© Omrop Fryslân

Dan wiist hy op grutte peallen fan 30 meter lingte, dy't klearlizze neist de boargatten. "Wy pleatse dizze grutte trekankers en dêrmei ferankjere wy de tunnelflier, sadat dy net mear omheech komme kin."

Rapport

Ynkoarten ûntfangt Rykswettersteat ek in rapport oer hoe't it misgean koe mei de âlde trekankers. Mei de konklúzjes út dat rapport wol de organisaasje sjen nei de konstruksje fan oare tunnels yn Fryslân en Nederlân.

Foar de reparaasje oan de Prinses Margriettunnel wie it net nedich om de útkomsten fan it rapport ôf te wachtsjen, fertelt Anne van der Meer: "De trekankers wiene gewoan te tin, dy koene de druk net oan. Dy moasten ferfongen wurde."