Qbuzz ferliedt provinsje mei mear bussen en rappere ferbiningen

Annemarie Zuidberg fan Qbuzz en deputearre Matthijs de Vries © Omrop Fryslân, Casper Slotboom

Ferfierder Qbuzz fersoarget de kommende tsien jier it busferfier yn Fryslân. It betsjut dat de bussen fan Arriva fan 2024 ôf ferdwine út de provinsje.

De provinsje hat dat tiisdei bekend makke. Meardere partijen hiene har oanmeld mei in plan foar 2024 oant 2034. De provinsje stiet fjouwerkant achter it plan fan Qbuzz, want it slút it bêste oan by de ambysjes fan de provinsje.

"Trije partijen ha meidien foar dizze konsesje", seit deputearre Matthijs de Vries. Dat giet om ferfierders Arriva, EBS en Qbuzz. "Uteinlik giet it sa dat de bêste wint, yn dit gefal is dat Qbuzz."

Berikberens

"De berikberens fan it plattelân is echt in punt fan omtinken west de ôfrûne jierren, ek yn it bestjoersakkoart", seit de deputearre.

Neffens it plan fan de keazen ferfierder komme der de kommende jierren wer mear bussen by. "Wy binne hiel bliid dat wy tweintich prosint mear tsjinstregelingsoeren krije as yn 2023, dat is foar ús as provinsje Fryslân echt in prachtige útkomst."

Regiodirekteur Annemarie Zuidberg © Omrop Fryslân, Casper Slotboom

Annemarie Zuidberg, regiodirekteur fan Qbuzz, is ferromme mei it beslút: "We zijn heel blij dat wij weer in Fryslân het openbare vervoer mogen regelen." Qbuzz hat fan 2008 ôf in pear jier it ferfier yn Súdeast Fryslân fersoarge.

Lytse kearnen

In wichtich part fan de oanbesteging is it berikber hâlden fan doarpen yn Fryslân. De ôfrûne jierren wie der in soad krityk op de ferskraling fan it busferfier. Benammen jûns nei 18.30 oere en op snein binne der problemen. Al earder waarden 1134 hantekeningen ynsammele tsjin it útklaaien fan it busferfier yn it súdwesten fan de provinsje.

Deputearre De Vries fynt dat it plan fan Qbuzz it bêste rekken hâldt mei dy soargen: "De beoardielingskommisje komt ta de konklúzje dat Qbuzz harke hat nei wat der libbet yn ús provinsje. Wy ha der alle fertrouwen yn dat wy in hiele moaie gearwurking krije mei Qbuzz."

It gesicht fan de ôfrûne tsien jier: In Arriva-bus troch it Fryske lân © ANP

Qbuzz seit ta dat der mear rappere ferbiningen komme, dy't ek nijsgjirrich binne foar minsken dy't no noch mei de auto reizgje: "Zoals een bus tussen Sneek en Heerenveen rechtstreeks over de A7. Daardoor kan je bijvoorbeeld vanaf Woudsend en Heeg een half uur sneller in de Randstad zijn."

Dat sil net te'n koste gean fan de ferbiningen dy't der no al binne, seit Zuidberg: "Alle kleine kernen die op dit moment een busverbinding hebben, houden die ook. We gaan met de provincie kijken of we er andere initiatieven aan toe kunnen voegen."

Takomstbestindich?

De oanbesteging jildt foar de perioade 2024-2034. Dat is tsien jier dus. De fraach is oft sa'n lange perioade noch wol wurket, no't de wize fan ferfier hieltyd mear feroaret. De fraach nei duorsum ferfier wurdt grutter en de ûntwikkelingen folgje elkoar rap op.

De Vries seit dat dêr rekken mei holden wurdt. Yn de tuskentiid is der romte foar inisjativen út de mienskip wei, dat is ek mei Qbuzz ôfpraat.

Nije buskonsesje yn Fryslân is ferjûn

Ek sil Zuidberg sjen oft de tsjinten te kombinearjen binne mei Grinslân en Drinte, dêr't Qbuzz ek rydt: "Bijvoorbeeld bij de chauffeurs die op vestiging Surhuisterveen zitten. Wij willen waar mogelijk het vervoer op elkaar afstellen."

Noed by sjauffeurs

By de fakbûnen en bussjauffeurs slacht it nijs yn as in bom. De sjauffeurs moatte oer nei Qbuzz, mar hearre fan kollega's dy't by Qbuzz ride dat der faak ferlet fan materiaal en personiel is. Se binne tefreden oer hoe't it de ôfrûne tolve jier by Arriva gien is. By de sjauffeurs en de bûnen is in soad ûnwissens oer hoe't it krekt komt by Qbuzz.

It wie ek in eask fan de provinsje dat it personiel ûnder deselde betingsten oerpleats wurde kin, dat moat foar langere termyn jilde. Zuidberg: "Ze komen over met behoud van hun arbeidsvoorwaarden. Zodra de bezwaartermijn voorbij is, zullen we contact zoeken om ze te informeren."